De Súdlannen

De Súdlannen is de namme fan in Ljouwerter nijbouwyk yn oanbou. De wyk leit sudlik fan Goutum, tusken it spoar Swol-Ljouwert en de N358 (Drachtsterwei), begrinze yn it noarden troch it Van Harinxmakanaal en yn it suden troch de A31.

De Súdlannen
Map - NL - Leeuwarden - Wijk 54 De Zuidlanden - Buurt 02 De Zuidlanden.svg
Sifers
Ynwennertal 1.385 (2017)
Oerflak 367 ha
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Leeuwarden vlag 2014.svg Ljouwert
Plak Flag of Leeuwarden.svg Ljouwert
Oar
Koördinaten 53° 10′ NB, 5° 49′ OL
Detailkaart fan De Súdlannen
Techum
Biogassintrale Eco Zathe soarget foar waarmte en elektrisiteit fan de wenten yn de wyk

KonseptBewurkje

De wyk sil bestean út trije stêdslânskippen: De Plantaazje, Lommerryk en Wetterryk, mei dêrbinnen njoggen buorskippen of wykdoarpen. Dy buorskippen binne: Techum, Goutum-Súd (of Jabikswâlde), Wiarda, De Klamp, Unia, De Hem, Middelsee, Barrahûs en De Werp. Mei de bou yn Techum waard yn 2006 úteinset en it totale bouplan foar de wyk sil bestean út likernôch 6500 wenten. Yn 2020 wiene Techum en Goutum-Súd alhiel, en Wiarda foar it grutste part, ree. Tusken 2020 en 2025 moatte Wiarda en De Klamp ree wêze. Ek wurdt der úteinset mei de bou fan Unia en De Hem. Tusken 2025 en 2035 moatte Unia en De Hem folslein foltôge wêze. It eastlike part fan de wyk, tusken de Oeriselskeleane, Goutum, Drachtsterwei en de Wâldwei, moat dan dien wêze. Ek wurdt der úteinset mei de bou fan de stedswyk Middelsee, tusken de Oeriselskeleane en it spoar Swol-Ljouwert yn. Dêrnei wurdt der in buorskip om Barrahûs hinne ûntjûn, en wurdt yn it gebiet om it nij te bouwen stasjon Werpsterhoeke hinne ûntjûn. Yn 2035 moat de gânse wyk Súdlannen dien wêze.

BuorskippenBewurkje

De buorskippen en wykdielen dy't njonkelytsen dien binne:

TechumBewurkje

Techum is neamd nei de monumintale kop-hals-romppleats "Techum", oan de râne fan de lykneamde terp (yn de Midsiuwen neamd Dacheim). De pleats út 1904 en de terp hâlde harren agraryske karakter en wurde beskôge as weardefolle histoaryske eleminten yn de nije wyk, krektas de besteande wetterrin It Alddjip. It bouplan beslacht 450 wenningen. Nijsgjirrich is de yn 2009 iepene Eco Zathe, in duorsume waarmte- en elektrisiteitssintrale fan Essent. De sintrale wurket op biogas, dat troch in piiplieding oanfierd wurdt fan de op sa'n 5,5 km ôfstân lizzende proefpleats Nij Bosma Zathe. Ek sil as proef de earste Eco Iglo (amfibyske wenfoarm) fan Nederlân yn Techum setten wurde.

Goutum-Súd (Jabikswâlde)Bewurkje

Nei Techum is Goutum-Súd, ynearsten Jabikswâlde neamd, it earstkommende te ûntwikkeljen buorskip. Om't Jabikswâlde de iennige buorskip is dy't ûnder it doarp Goutum falt, en net ûnder de stêd Ljouwert, wurdt de buorskip no Goutum-Súd neamd. Tsjin it bestimmingsplan rinne lykwols beropsprosedueres, û.o. yn ferbân mei it besteande krematoarium Goutum. De Rie fan Steat hat yn 2010 bepaald dat der gjin wenten yn in straal fan 100 meter om it krematoarium hinne boud wurde mochten. Yn 2010 waard de grûn bouryp makke. Goutum-Súd leit tusken Techum en Goutum. It plan omfettet likernôch 240 wenten en in soarchynstelling (Soarchgroep Noorderbreedte).

WiardaBewurkje

Wiarda is neamd nei de eardere Wiardastate en leit tusken de Hounsdyk (in eardere dyk tusken Goutum en Wergea) en de N358. It bouplan (úteinset yn 2011) omfettet likernôch 300 wenten yn in wetterryk gebiet, mei in oansluting op de Wurdumerfeart foar rekreaasjeboaten.

De KlampBewurkje

De Klamp leit besuden Goutum-Súd en beëasten Techum. It wurdt yn de foarm fan in doarp boud. Yn 2018 waard de earste faze fan de buorskip bouryp makke en yn 2019 waard úteinset mei it bouwen dêrfan. De Klamp is nei de lykneamde pleats, dy't dêr stiet, neamd. De Wurdumer Feart rint troch de buorskip hinne.


Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
 
hjoeddeistige wiken
Ald-East • Aldlân-De Himrik • Bilgaard-Havankpark en omkriten • Binnenstêd • De Súdlannen • Foksepark-Helicon • Frijheidswyk • Heechterp-Skieringen • Himpens/Tearns-Suderbuorren • Huzum-West • Kammingabuorren en omkriten • Middelsee • Nijlân-De Swette • Potmargesône • Sonnenborgh en omkriten • Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân • Bedriuweterrein-East • Bedriuweterrein-West • Kammingabuorren • De Swette • Faleariuskertier-Meagere Greide • Flietsône • Fûgelbuert-Muzykbuert • Grutte Wielen-De Griene Stjer • Huzum-East • Oldegalileën-Blommebuert • Oranjewyk • Skieringen-De Sintrale • Transfaalwyk-Rengerspark • Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark