Haadmenu iepenje
de wyk Westein yn Ljouwert

Westein is de meast westlike wyk fan Ljouwert. De wyk hat 4500 ynwenners en is ûntwikkele yn de jierren '70 en '80 fan de 20e iuw.

De wyk hat in winkelsintrum mei in Poiesz Supermerk, Lidl, kapper, Sinees en snackbar. En in skoalle foar fuortset ûnderwiis en in âldereinhûs. It basisûnderwiis sit yn de neistlizzende wyk it Valeriuskertier. De wyk wurdt oan de súd- en noardside begrinze troch in katolyk en in algemien begraafplak. Der is in aktive wykferiening dêr't ûngefear 80% fan de bewenners lid fan is. De strjitten yn de wyk binne ferneamd nei Fryske skriuwers en hawwe dus in Fryske namme (Douwe Kalmaleane of Jan Piebengawei). It is de iennichste Ljouwerter wyk mei in stedsboer. Boer Tamminga wennet oan de noardwestside fan de wyk mei in beslach fan ± 350 bisten.