Skieringen
Skieringen is in buert yn de stêd Ljouwert en falt ûnder de wyk Heechterp-Skieringen. Oant 2018 wie Skieringen part fan de wyk Skieringen-De Sintrale. De Sintrale beslacht it yndustryterrein fan FrieslandCampina.
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/4/4e/Map_-_NL_-_Leeuwarden_-_Wijk_35_Schieringen_%26_De_Centrale_-_Buurt_01_Schieringen.svg/250px-Map_-_NL_-_Leeuwarden_-_Wijk_35_Schieringen_%26_De_Centrale_-_Buurt_01_Schieringen.svg.png)
De buert hat likernôch 1800 ynwenners.
De buert waard lânlik bekend, mank mei de njonkenlizzende buert Heechterp, as Heechterp-Skieringen, as in efterstânswyk, neamd op de list fan de 40 wiken fan Vogelaar.