De Klamp
De Klamp is in buorskip en wyk yn it suden fan de stêd Ljouwert. De wyk leit besuden Jabikswâlde en beëasten Techum. De Klamp is sels gjin doarp, mar in wenwyk dy't yn de foarm fan in doarp boud waard en is part fan de gruttere wyk De Súdlannen.
It bouwen fan De Klamp sette útein yn 2019, nei't de earste fase fan it plan yn 2018 ree foar it bouwen makke waard. De wyk is dêrmei de fjirde buorskip fan De Súdlannen. De Klamp waard neamd nei de pleats dy't der stiet. By de buorskip del streamt de Wurdumerfeart.
De namme komt ek foar as Klamp en de Klampsterbrêge. In klamp is in 'bulte of berch hea'.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|