Ljouwert-Binnenstêd
Ljouwert-Binnenstêd is de wyk fan Ljouwert dy't bestiet út it winkelsintrum en it Stasjonskertier dat krekt bûten de âlde stêdswâlen leit. De binnenstêd hat 6.220 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Ljouwert-Binnenstêd | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Plak | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.220 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 96 ha | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 12′ NB, 5° 48′ EL |
Buerten
bewurkje seksjeYn de wyk lizze acht buerten: Nijstêd, De Waach, Aldehou, Saailân, Grutte Tsjerkebuorren, Hoek, Blokhûsplein en it Stasjonskertier.
Karakteristiken
bewurkje seksjeDe binnenstêd wurdt karakterisearre troch in griemmank fan âlde en nije bebouwing. Under de âlde gebouwen binne in soad monuminten. Skyline-bepalende gebouwen binne de kantoargebouwen Achmeatoer, de Averotoer, it markante koepelgebou fan de Friesland Bank en de âlde, skeansakke Aldehou. De Prinsetún is it stêdspark dat oan de noardside fan de wyk leit.
Yn it útgeanssintrum stiet skouboarch, 'De Harmonie', bioskopen, restaurants, kafees en winkels. Prostitúsje yn Ljouwert sit sawat yn it hert fan it sintrum, oan de Weaze.
It ekonomysk belang foar Ljouwert hat syn swiertepunt yn de binnenstêd.
Kriminaliteit
bewurkje seksjeDe Ljouwerter binnenstêd hat in hege ûnfeiligensgraad. Der wurdt sûnt 2004 dan ek preventyf fûljearre. Boppedat jildt in saneamd 'messeferbod' dat him benammen rjochtet op junks en alkoholisten. Alle wapens dy't yn de gemeente ynnommen binne, waarden oantroffen yn de binnenstêd.
Ynsidinten Binnenstêd | 2004 | 2005 | 2006 |
---|---|---|---|
iepentlike geweldpleging | 12 | 29 | ± 32 |
bedrigingen | 92 | 105 | ± 77 |
strjitrôven | 53 | 89 | ± 36 |
mishanneling | 266 | 319 | ± 288 |
wapenhannel | 39 | 43 | ± 43 |
Wenje
bewurkje seksjeYn de 1970-er jierren waarden inkelde kompleksen mei goedkeape huzen boud. Der binne ek in soad lytse wenten en keamers foar studinten. Mar der binne om de iuwwikseling hinne lúksere wenten kommen mei bygelyks priveeparkeargelegenheid om oanbod te kreëaren foar de midden- en hege ynkommens.
De gemeente hat him rjochte op it kreëarjen fan in nofliker libbensklimaat dêr't it winkelsintrum nij libben by ynblaasd wurde moat. Der wurdt ek omtinken jûn oan de histoaryske kant fan de grêftegurdle troch werynrjochting mei nije strjitstiennen, restauraasje fan de kaaien, oanplantsjen fan beammen en stedsbankjes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |