Prostitúsje yn Ljouwert
De prostitúsje yn Ljouwert spilet him foaral ôf yn de Ljouwerter huorrebuert de De Weaze. De raamprostitúsje fynt men yn de sydstegen fan de Weaze, in strjitte yn it sintrum fan de stêd oan in grêft.
Der wurkje benammen froulju út it eardere Eastblok en Súd-Amearika, en mar inkeldris Nederlânske froulje. De froulje sitte efter de glêzen yn ferskillende gebouwen yn de steechjes. Tagang ta de measte gebouwen is fergees.
Yn fergeliking mei de rest fan Nederlân is it taryf wat leger.