Achmeatoer
De Achmeatoer is in kantoarflat yn it sintrum fan Ljouwert. It gebou is 115 meter heech en hat 24 ferdjippings. Dêrmei is de Achmeatoer it heechste gebou fan Ljouwert en tagelyk fan Fryslân en de rest fan hiel Noard-Nederlân.
De toer is boud yn opdracht fan Achmea Fêstgoed en ûntwurpen troch de arsjitekten Abe Bonnema en Jan van der Leij fan Bonnema Arsjitekten út Hurdegaryp. Yn 2002 is de toer oplevere. De Achmeatoer is oant fier yn de omkriten fan Ljouwert te sjen.
Karakteristyk binne de swarte platen fan natuerstien dy't oan it gebou fêstmakke binne. Yn 2001 en 2002 liet mei in stoarm in oantal fan dy platen los, wêrtroch't de strjitten deromhinne ôfsetten wurde moasten.
De Achmeatoer hat 4 liften dy't elts in faasje hawwe fan 21,6 km yn it oere (6 m/s). Oarspronklik hellen de liften sels 32,4 km yn it oere (9 m/s), mar trochdat minsken mislik waarden as gefolch fan de reedlik grutte fersnelling is de maksimale faasje no mei 10,8 km yn it oere fermindere (3 m/s). Op it heden jout dy faasje noch hieltyd in nuver gefoel. De earen gean by dy faasje tichtsitten trochdat in reedlik grutte ôfstân oerbrêge wurdt.
Beswieren
bewurkje seksjeDe bou fan de Achmeatoer joech yn 1999 al beswieren fan de loftfeartside, yn ferbân mei de tichtbylizzende militêre fleanbasis Ljouwert. Mar de bou waard dochs tastien fanwege it maatskiplik belang fan de toer. Arsjitektenburo Bonnema pleatste tsjin it sin fjouwer ljochtsjes op de hoekpunten. Letter waarden dy ljochtsjes ferfongen troch in ljochtbalke dy't hielendal om de top fan de toer rint.
Troch nije foarskriften fan dyselde Ryksloftfearttsjinst is it net mear tastien om binnen in striel fan fjouwer kilometer om de fleanbasis heger te bouwen as 45 meter.
Heechste wolkekliuwer fan Noard Nederlân
bewurkje seksjeDe Achmeatoer is mei 115 meter fierwei de heechste wolkekliuwer fan Noard- en East-Nederlân. Yn Grins hawwe sy ea plannen hân foar in 150 meter hege toer, mar dy plannen binne lykwols ôfsein. Lykas de Aldehou is de Achmeatoer foar Ljouwert tige byldbeskiedend en is mei helder waar yn in grut part fan Fryslân te sjen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Achmeatoren fan Wikimedia Commons. |