Abe Bonnema
Abe Bonnema (Stiens, 6 septimber 1926 - Grins, 9 augustus 2001) wie in Fryske arsjitekt.
Bonnema wie in soan fan in boukundige. Hy studearre boukunde oan de Technyske Universiteit Delft. Dêrnei sette er in buro foar arsjitektuer en romtlike oardening op. Bonnema syn bedriuw siet ynearsten yn Ljouwert, mar letter yn Hurdegaryp, dêr't er ek wenne.
Wurk
bewurkje seksjeFan syn hân binne ferskate bekende gebouwen yn Fryslân en dêrbûten:
- De Delftse Poort, te Rotterdam, it haadkantoar fan Nationale Nederlanden (mei 93 en 150 meter hege tuorren). Dit is op it heden (2007) it heechste kantoargebou yn Nederlân.
- It Boek, te Amsterdam, earder haadkantoar fan Elsevier, tsjintwurdich yn gebrûk troch de belestingtsjinst.
- De Achmeatoer, yn Ljouwert, is in byldbepalende wolkeskraber yn dizze haadstêd.
- De Interpolistoer, te Tilburg, kantoar fan Interpolis.
- Syn eigen wenhûs yn Hurdegaryp, yn 2014 oanwiisd as ryksmonumint.
- It Kaskadekompleks yn Grins, in kantoargebou dê't ek de wentoer De Regentes ta heart.
- It haadkantoar fan de Sosjale Fersekeringsbank yn Amstelfean
Yn syn libben krige Bonnema meardere arsjitektuerprizen. Hy wie offisier in de Oarder fan Oranje-Nassau.
Nei syn dea hat Bonnema in legaat neilitten oan de stêd Ljouwert mei hjirby lykwols al in tal betingsten. It jild moast oan in nij ûnderkommen foar it Frysk Museum bestege wurde. Dit nije museum moast op it Saailân boud wurde en it ûntwerp moast makke wurde troch Hubert-Jan Henket yn gearwurking mei Bonnema Arsjitekten, it arsjitekteburo fan Bonnema út Hurdegaryp. It nije gebou fan it Frysk Museum waard iepene yn 2013.
-
Syn filla is no in konsulaat
-
It Frysk Museum
-
De Delftse Poort yn Rotterdam
-
It Kaskadekompleks yn Grins