Abe Bonnemapriis
De Abe Bonnemapriis foar arsjitektuer (50.000 euro) wurdt sûnt 2013 twajierliks útrikt troch de ir. Abe Bonnema Stichting, in stichting dy't de neilittenskip fan Bonnema beheart en yn eare hâlde wol. In ûnôfhinklike saakkundige sjuery bekroant fernijende arsjitektuer dy't as foarbyld tsjinje kin út de twa jier dy't de priis oanbelanget.[1]
- Mei it ûntwerp foar it nije Ryksmuseum Amsterdam wûne de Spaanske arsjitekten Antonio Cruz en Antonio Ortiz fan arsjitekteburo Cruz y Ortiz de earste Abe Bonnema Arsjitektuerpriis yn 2013.[2]
- Yn 2015 wûn Dick van Wageningen mei syn ûntwerp fan it Nasjonaal Militêr Museum (NMM) op de eardere loftmachtbasis Soesterberg.
- Yn 2017 wûn Neutelings Riedijk Arsjitekten de priis mei it ûntwerp foar it Stedhûs fan Dimter.[3]
- Yn 2020 waard de priis takend oan Ard Hoksbergen foar syn ûntwerp fan basisskoalle de Veerkracht yn Amsterdam Slotermeer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |