Ryksmuseum Amsterdam
It Ryksmuseum Amsterdam, meastentiids Ryksmuseum, of koartwei it Ryks neamd, is it grutste en wichtichste ryksmuseum fan Nederlân. It bestiet sûnt 1800. It leit tusken de Stadhouderskade en it Museumplein yn it Amsterdamske stêdsdiel Amsterdam-Súd en jout yn goed 200 sealen in oersjoch fan de Nederlânske keunst en skiednis. In grut part fan de goed 1 miljoen foarwerpen tellende kolleksje bestiet út wurken fan 17e-iuwske Nederlânske masters. Yn it gebou is teffens it Ryksprintekabinet fêstige. It Ryksmuseum is eigendom fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst) en stiet op de list fan de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten. It haadgebou wie fan 2003 oant april 2013 ticht yn ferbân mei ferbouwing.
Dit artikel is in stobbe oer kultuer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |