Oranjewyk (Ljouwert)
De Oranjewyk is in buert fan Ljouwert en falt ûnder de wyk Potmargesône. Yn 2017 hie de buert 1.220 ynwenners.
De buert leit tusken it spoar Ljouwert – Grins en it Nije Kanaal. De wyk waard boud yn de jierren 1895 – 1918. In part fan de Oranjewyk wurdt ek wol Tulpeburch neamd.
De Oranjewyk bestiet benammen út partikuliere wenningbou yn de foarm fan leechbou, apparteminten en kantoargebouwen. Yn de wyk sit in boarterstún yn it Oranje Nassaupark, eksploitearre troch in boarterstúnferiening. Fierders is der in buerthûs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |