Aldlân-De Himrik
Aldlân-De Hemrik is in wyk yn de stêd Ljouwert. De wyk is 380 hektare grut en hat 6.870 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS). De wyk bestiet út fjouwer buerten:
- Aldlân-East
- Aldlân-West
- Rapenburch. De buert oan de westkant fan de wyk.
- De Himrik. De buert oan de eastkant fan de wyk mei Stasjon Ljouwert-Kammingabuorren oan de noardkant.
Aldlân-De Himrik | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Plak | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.870 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 380 ha | |
Oar | ||
Postkoade | 8935, 8938 | |
Koördinaten | 53° 11′ NB, 5° 50′ OL |
Yn 2018 waarden de wiken Aldlân en De Himrik (Bedriuweterrein-East) gearfoege ta de wyk Aldlân-De Himrik. De wyk leit oan de noardkant fan it Van Harinxmakanaal en oan de súdkant fan de Aldlânsdyk.
-
De Blom fan Aldlân
-
It Van Harinxmakanaal mei oan de lofterkant de buert Rapenburch
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |