De Froskepôlemûne is in poldermole oan de súdeastlike râne fan Ljouwert.

Froskepôlemûne
mûne / mole
De mûne yn 2022
De mûne yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
koördinaten 53° 11'N 5° 51'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk Bemealling Huzumer en Goutumer Aldlân
flecht 17,80 meter
boujier 1860, 1962
oare ynformaasje
eigner Gem. Ljouwert
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35675
Webside
FB-side Froskepôlemûne
Kaart
Froskepôlemûne (Fryslân)
Froskepôlemûne

De Froskepôlemûne, in mealreeë muonts, waard oarspronklik yn 1896 boud oan de Swette, dêr't er twa polders fan tegearre 350 ha bemealle: it 'Huzumer' en it 'Goutumer Nijlân'. Ynearsten waard er de "Swettemûne" neamd. De mûne krige selsswichting, hoewol't dy yn 1940 noch mar op ien fan de roeden siet. De houten achtkante mûne, op lege foet mei stiennen fjildmuorren, is dekt mei reid en hat in flecht fan 17,80 m.

De mûne, dy't yn 1958 troch de gemeente Ljouwert oankocht wie, moast op it âlde plak wike by de oanlis fan in yndustryterrein. Op 25 april 1962 waard er op twa dekskûten oer it Van Harinxmakanaal nei de tsjintwurdige lokaasje oerbrocht en dêr restaurearre. Hy bemeallet dêr sûnt dy tiid de fivers op it eilân.

Yn 1987/1988 waard de Froskepôlemûne foar it lêst restaurearre. De mûne is op ôfspraak te besichtigjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: