Suderbuorren (wyk)
wyk
Suderbuorren is in buert fan de stêd Ljouwert. De buert leit yn de wyk Himpens/Tearns-Suderbuorren en waard yn 1999 oanlein. Yn 2000 wiene de earste wenten ree.
Suderbuorren wurdt oan de noardkant begrinzge troch it Van Harinxmakanaal, oan de westkant troch de Drachtsterwei en oan de súdkant troch de Wâldwei. De terpdoarpen Himpens en Tearns binne alhiel troch de wyk omsletten. De wyk waard neamd nei de buorskip Suderbuorren, besuden Himpens. De buorskip leit oan de dyk Suderbuorren.
Yn de wyk ûntstie trelit doe't de gemeente de wyk net opleverje woe lykas yn it bestimmingsplan stie en in pland bosk opofferje woe oan ekstra wentebou. Bewenners prosedearren doe mei súkses tsjin de gemeente dy't dêrnei it bestimmingsplan dochs folgje moast.