Skipsbuert
De Skipsbuert is in buert yn it easten fan de stêd Ljouwert en falt ûnder de wyk Potmargesône, súdlik fan de wyk Heechterp-Skieringen en noardlik fan de buert de Wielenpôle.
It is in reedlik rêstige folksbuert dy't út in grut tal flats en lytsere senioarewenten bestiet. Hoewol't it earder in echte folksbuert wie, wenje der tsjintwurdich reedlik soad studinten en âlderen. De Skipsbuert bestiet út acht strjitten en leit deunby it kofjemolkefabryk, by de measte Ljouwerters noch altiten bekend as de Condens.
Eigen oan de Skipsbuert is dat dy oan de âlde stêdsrivier de Potmarge leit. Ek grinzget de buert oan de Pieter Stuyvesantwei en de Ljouwerter Jachthaven. De Ljouwerter Jachthaven is de grutste oerdekte jachthaven fanWest-Europa. De haven hat mear as 500 oerdekte lisplakken en 150 iepen lisplakken. Ek is der plak foar rom 50 passanten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|