Achter de Hoven is in buert yn it easten fan de stêd Ljouwert en falt ûnder de wyk Potmargesône. Oant 2018 wie de buert in eigen wyk. De buert leit oan it spoar Ljouwert-Grins, de Pieter Stuyvesantwei (rûnwei) en de Potmarge. Yn 2017 wennen der 2440 minsken.

Achter de Hoven

De buert bestiet út de Vegelinbuert, Fruitbuert en it Reade Doarp. De Vegelinbuert is ein 18e iuw boud as arbeidersbuert. It Reade Doarp wurdt skaaimerke oan de Spoarstrjitte.

De namme Achter de Hoven betsjut eigentlik "efter de tunen". De wyk leit op it plak dêr't oarspronklik it bûtenferbliuw Mariënburch fan Maria Louise fan Hessen-Kassel, ofwol "Marijke Muoi" stien hat. Ek wienen der earder túnkerijen (grientetúntsjes) fan boargers fan Ljouwert.

Yn de Vegelinbuert bestean de strjitnammen út nammen fan woldoggers fan ein 18e iuw. De strjitnammen yn it Reade Doarp ferwize nei it túnkerijferline. De strjitnammen fan de Fruitbuert bestean út de nammen fan fruit.

De wyk leit neist de fabriken fan Koopmans en Friesche Vlag. Foar de wurknimmers fan dy fabriken is yn it ferline in treinhalte makke. Nei lange tiid in spoarstasjon west te hawwen stoppen noch yn de spitsoeren in pear treinen op de Ljouwert Achter de Hoven. Yn 2018 waard it stasjon sletten.

 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East • Aldlân-De Himrik • Bilgaard-Havankpark en omkriten • Binnenstêd • De Súdlannen • Foksepark-Helicon • Frijheidswyk • Heechterp-Skieringen • Himpens/Tearns-Suderbuorren • Huzum-West • Kammingabuorren en omkriten • Middelsee • Nijlân-De Swette • Potmargesône • Sonnenborgh en omkriten • Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân • Bedriuweterrein-East • Bedriuweterrein-West • Kammingabuorren • De Swette • Faleariuskertier-Meagere Greide • Flietsône • Fûgelbuert-Muzykbuert • Grutte Wielen-De Griene Stjer • Huzum-East • Oldegalileën-Blommebuert • Oranjewyk • Skieringen-De Sintrale • Transfaalwyk-Rengerspark • Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark