Yndyske Buert (Ljouwert)
De Yndyske buert is in buert yn Ljouwert, grinzjend oan it Cambuurstadion en It Fliet. De Yndyske buert dy't sa'n 12 ha grut is hat ûngefear 1100 ynwenners. De buert heart ta de wyk Ald-East en foar 2018 wie it part fan de wyk Flietsône.
De strjitnammen binne ferneamd nei Yndonesyske eilannen sa as Sumatra, Borneo ensfh. De huzen binne al mear as hûndert jier âld en waarden eartiids brûkt as huzen fan fabryksarbeiders fan it molkfabryk flak in de buert. Yn de lytse huzen wennen gewoane arbeidersminsken en yn de wat gruttere huzen wennen opsichters. De Sumatrastrjitte is de langste strjitte út de buert en bestiet út twa dielen: Noard en Súd.
De buert wurdt begrinzge troch it Noardfliet, Bleekleane, De Ruyterwei, Insulindestrjitte en Archipelwei.