It Cambuurstadion is it fuotbalstadion yn Ljouwert, fan de proffuotbalklub SK Cambuur Ljouwert. It stadion is op 12 septimber 1936 iepene. Yn 1995 en yn 1999 is it gebou folslein renovearre. It stadion bestiet út fjouwer los fan elkoar steande tribunes, yn de saneamde Ingelske styl. Der kinne sa’n 10.000 minsken yn, allegear sitplakken, en allegear oerdekt.

Cambuurstadion
  stadion
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
koördinaten 53° 12' 19" NB 5° 48' 53" EL
algemiene ynformaasje
type fuotbalstadion
sporten Fuotbal
teams VV Ljouwert (1936–1964)
LAC Frisia 1883 (1945–1953)
SC Cambuur (1964–2024)
kapasiteit 10.000
type oerflak gers
bou
iepening 12 septimber 1936
renovearre 1995
1999
kaart
Cambuurstadion (Ljouwert)
Cambuurstadion
Lokaasje fan it Cambuurstadion
Dizze side giet oer It âlde Cambuurstadion. Foar it nije Cambuurstadion, sjoch: Kooi Stadion.

It stadion is sûnt 2006 net mear eigendom fan de klup sels. Trochdat Cambuur al ferskate jierren yn finansjele problemen ferkeard hat, is it stadion doe ferkocht oan Jan Riedstra. Sadwaande koe Cambuur in part fan de skulden ôfbetelje.

Iere skiednis

bewurkje seksje

It stadion waard op 12 septimber 1936 foar it earst yn gebrûk nommen. Doe wie der allinnich mar in haadtribune. Yn 1949 kamen der trije net oerdutsen steantribunen by dêr't de kapasiteit troch útkaam ta 14.000 taskôgers. Yn 1961 waard de ljochtynstallaasje yn gebrûk nommen, dat foar dy tiid syn tiid foarút wie.

Lettere jierren

bewurkje seksje

Yn 1980 waarden der twa oerdutsen tribunen byboud. De net oerdutsen steantribune oan de súdkant (koarte kant) oan de Insulindestrjitte, waard ferfongen troch in oerdutsen steantribune en waard benkend as Súdtribune. De net oerdutsen steantribune oan de eastkant (lange kant) waard ferfongen troch in oerdutsen sittribune en waard bekend as de Easttribune. De orizjinele haadtribune waard yn 1995 ferfongen troch in nije oerdutsen sittribune, dy't hjoed-de-dei bekend stiet as de Westtribune. Oan de noardkant is de net oerdutsen steantribune ferfongen troch in oerdutsen sittribune. Nei 1994 hawwe der gjin yngeande feroarings mear oan it Cambuurstadion west. It stadion hie op dat stuit in kapasiteit foar 13.500 taskôgers.

Tusken 2003 en 2006 binne stik foar stik de reade en wite stuollen op de Noard- en Westtribune ferfongen troch giele en blauwe stuollen. Cambuur hat fan 2005 oant en mei healwei 2008 op keunstgers fuotballe. Reden dêrfoar wie de minne steat fan it gersfjild yn de jierren dêrfoar. It keunstgersfjild kaam by Edelgrass út Genemuiden wei. Dochts spilet de klup nei klachten fan de spilers en problemen mei de kwaliteit fan it fjild sûnt de simmer fan 2008 wer op echt gers. Ek is de kar foar it gewoane gers makke trochdat Cambuur yn de takomst mooglik nei in nij stadion ferhúzje sil wêrtroch't de ynfestearing yn nij keunstgers net út kin.

Simmers 2009 waard it útfek fan de Noard- nei de Easttribune ferpleatst, dêr't der mei yngong fan 7 augustus 2009 it tal sitplakken op 10.400 troch út komt. By play-off wedstriden yn it seizoen 2008/09 spile Cambuur fjouwer kear yn twa wike tiid yn in grôtfol stadion. Ek waard der in lytse needtribune foar de Westtribune te setten, dêr't der 10.500 sitplakken troch kamen.

Doe't Cambuur yn it seizoen 2010/13 promovearre, moast it stadion oan de starngere easken foar it meidwaan yn de Earedifyzje foldwaan. Dêrom waard der fannijs in keunstgersmatte oenlein. Ek waard it útfek fergrutte troch in oar fek der oan ta te heakjen en waard it útfek beskerme troch pleksyglês. Njonken it stadion is der foar de supporters foar de útspiljende ploech in beskerme parkearplak foar bussen oanlein sa't streamen supporters skaat faninoar bliuwe.

Yn novimber 2013 makke Cambuur syn plannen foar it bouwen fan in nij stadion benefter de WTC Expo oan de gemeente Ljouwert buorkundich. Dat nije stadion moat in kapasiteit hawwe fan 15.000 taskôgers. Neffens doetiidske foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan de klup, Ype Smid, hat it plan twa pylders: duorsumens oangeande it enerzjyfraachstik en it ûntjaan fan kommersjele romten. It stadion moast €25 miljoen kostje.[1]

Yn july 2017 stimde de gemeenterie fan Ljouwert en mei it plan en soe der sels €4,5 miljoen yn stekke.[2] It stadion soe yn desimber 2021 ree wêze moatte.[3] Yn novimber 2020 luts projekt☼ntwikkelder Wyckerveste him werom dêr't it gânse projekt op syn minst in healjier fertraging oprint.[4] Boubedriuw Van Wijnen woe lykwols trochgean mei it projekt.[5] Op 5 maart 2021 waard bekend dat der in nije ûntwikkelder fûn wie en dat ROC Friese Poort, ien fan de grutste hierders fan it nije stadion, it iens wie oer de makke ôfspraken.[6] Boubedriuw Van Wijnen tocht dat it stadion op 1 septimber 2023 ree wêze moatte soe.[7] Op tongersdei 30 juny 2022 waard de "earste technyske" peal slein foar de bou fan it stadion.[8] In wike letter waard de "earste offisjele" peal slein. [9]

Op 10 maaie 2024 spile SC Cambuur tsjin Helmond Sport de lêste kompetysjewedstriid yn it Cambuurstadion, de wedstriid einige yn lykspul.[10][11]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: