Haadmenu iepenje

De Griene Stjer is in útstrutsen natoer- en rekreaasjegebiet yn 'e midden fan Fryslân, dat fuort beëasten de stêd Ljouwert leit, oan 'e súdkant fan 'e autowei N355. Yn Fryslân stiet it ek wol bekend as de Lytse Wielen, nei it sintraal leine marke mei deselde namme, dat yn ferbining stiet mei de Grutte Wielen, oarekant de N355.[1] De Griene Stjer makke oarspronklik diel út fan Tytsjerksteradiel, mar waard by de grutte gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 troch dy gemeente ûnfrijwillich opjûn en oerhevele nei de Gemeente Ljouwert.[2]

BeskriuwingBewurkje

De Griene Stjer is yn 'e jierren '60 fan 'e tweintichste iuw oanlein om 'e Lytse Wielen hinne, en beslacht tsjintwurdich in oerflak fan mear as 1.000 hektare. It bestiet, njonken wat beskerme leechfean, út markes en puollen dy't foar it meastepart keunstmjittich oanlein binne, mei dêromhinne gersfjilden, strannen en beplanting fan strewelleguod en beammen. It terrein is trochkrúst mei kuier- en fytspaden, en is opnommen yn it fytsrûtenetwurk fan noardeastlik Fryslân. Troch resinte útwreiding leit De Griene Stjer no yn it westen suver tsjin 'e Ljouwerter wyk Camminghabuorren oan. Yn it easten grinzget it oan 'e beboude kom fan Tytsjerk en de Bosk fan Ypey.

Binnen de ôffredings fan De Griene Stjer lizze of steane fierders:

De Griene Stjer is troch de gemeente Ljouwert oanwiisd as eveneminteterrein. Sadwaande wurde yn it gebiet elts jier by 't simmer meardeiske pop- en dancefestivals holden, lykas Promised Land, Welcome to the Village en Psy-Fi. Fral dat lêste festival soarget altyd foar in protte lûdsoerlêst en fersmoarging, en omwenjenden stride der al jierren tsjin.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynformaasje fan 'e offisjele webside fan De Griene Stjer
  2. Veltman, Melle, Hoe Achtkarspelen de fusiedans ontsprong, yn: de Ljouwerter Krante, 5 novimber 2018, s. 19.