De Agnestsjerke is in tsjerkegebou yn Goutum. De tsjerke is in ryksmonumint.

Agnestsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Goutum
adres Buorren 23
koördinaten 53° 10'N 5° 48'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Agnes fan Rome
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 24509 [1]
Webside
PKN-gemeente Goutum
Kaart
Agnestsjerke (Ljouwert)
Agnestsjerke

De foar de reformaasje oan de hillige Agnes wijde tsjerke waard yn de 12e iuw boud. Yn de noardlike muorre binne noch dielen fan dowestien. Yn de 15e iuw folge in ferbouwing fan it koer en de súdlike muorre yn goatyske styl.

De sealtektoer út de 15e eeuw is in oantal kearen wersteld. Yn de toer hingje twa klokken: de âldste is in klok út 1511 dy't getten waard troch Geert van Wou; de twadde klok is modern. Op de wizerplaat stiet it jiertal 1737.

Fan de famylje Cammingha binne der wapenboerden en in grêfkelder. By de restauraasje fan de tsjerke waarden noch in peaar ûnbekende sarken fûn.

It twamanualige oargel út 1864 is boud troch Van Dam. Yn 1983 restaurearre Bakker & Timmenga it ynstrumint, dat 13 registers ferdield oer haadwurk en boppewurk telt. It pedaal is oanhongen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90-400-9476-4
  1. Ryksmonuminten