De Revâns-Freule (de offisjele namme is Frysktalich) is in keatspartij dy't alle jierren yn mids augustus holden wurdt yn it Fryske twillingdoarp Jellum-Bears. Dit evenemint is ûntstien as reäksje op 'e bekendere Freulepartij yn Wommels.

Revâns-Freule
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Bears
Jellum
datum 1 wike nei de Freulepartij
tiid fan it jier mids augustus
bysûnderheden
soarte evenemint sportevenemint (keatsen)
bestean 1964 – no
org. troch KF De Twa Doarpen
offisjele webside
gjint

De Revâns-Freule is in wedstryd foar jonges fan 14 oant en mei 16 jier, dêr't partoeren fan by it KNKB oansletten keatsferienings foar útnûge wurde dy't dat jiers goed prestearre hawwe. De Revâns-Freule fynt plak op in woansdei, persiis in wike nei de Freulepartij, dy't sels wer persiis in wike nei de PC yn Frjentsjer ferkeatst wurdt. De organisaasje fan 'e Revâns-Freule is yn 'e hannen fan Keatsferiening De Twa Doarpen fan Jellum-Bears.

Yn 1964 hie Jellum-Bears in goed jongespartoer, dat lykwols op 'e Freulepartij yn Wommels krekt njonken de prizen griep. Wouter Swart, foarsitter fan Keatsferiening De Twa Doarpen, naam dêrop it inisjatyf foar de oprjochting fan 'e Revâns-Freule, dêr't jonges dy't it op 'e Freule krekt net helle hiene, revâns krije koene. Anno 2018 wie it sa dat Frjentsjer de Revâns-Freule njoggen kear wûn hie, en Wommels sân kear. Alve kear hie it winnende partoer fan 'e Freulepartij ek de Revâns-Freule op syn namme skriuwe kinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ――, Revâns-Freule op 15 augustus, yn: Op 'e Skille, 6 augustus 2018, s. 3.