Paulus Folkertsma
Paulus Folkertsma (Wommels, 15 jannewaris 1901 - Aldeboarn, 4 maaie 1972) wie ûnderwizer yn Aldeboarn, bestjoerslid fan maatskiplike en tsjerklike organisaasjes en benammen komponist.
Biografy
bewurkje seksjeYn 1906 ferfear de húshâlding út Wommels nei Berltsum. Dêr krige Folkertsma syn earste lessen fioelspyljen fan de pleatslike ûnderwizer Jan Groenewold (1839-1920). Doe't er 14 jier wie gie er nei de Rykskweekskoalle yn Maastricht. Dêr skreau er syn earste komposysjes. Letter folge er piano- en harmonielessen by de Ljouwerter musikus Willem Zonderland (1884-1974) en ek sleat er him as útfierend musikus oan by it Frysk Keamerorkest. As komponist wied er autodidakt. Yn 1956 troude er mei Helga Khek út Wenen; it pear krige fjouwer bern.
Nei tydlike oanstellings yn Ljouwert en Sondel waard er beneamd oan de iepenbiere skoalle fan Aldeboarn. Hy soe dêr 40 jier ûnderwizer wêze. Hy makke eigenhannich lêsplankjes mei Fryske wurden en lies er selsbetochte ferhalen foar oan syn learlingen.
Folkertsma komponearre operettes en skreau lieten, kanons, kwartetten en orkestwurken. ien fan syn bekendste wurken is de kanon It Muzyk Giet troch de Buorren, dat generaasjes Fryske bern op 'e skoalle leard hawwe. De Paulus Folkertsma Stichting wol syn wurk opnij ûnder de oandacht bringe middels konserten en jout de útjefte "Nijs" út. Op 23 juny 2018 waard yn Aldeboarn foar ien kear it muzykfestival Midsimmertwirre holden, wêrby't Folkertma en syn wurk sintraal stiene.
Yn septimber 2024 waard in boarstbyld fan Folkertsma ûntbleate oan de Ald Swettebuorren yn Aldeboarn. It byld fan brûns waard makke troch Ben van der Geest. [1]
Komposysjes
bewurkje seksjeOrkestwurken
bewurkje seksje- Fjouwer Amerijen op. 3 (1924)
- Earste Orkest Suite Fjirde Orkest Suite -30 stimmen- op. 31 (1932)
- Symfoanysk Gedicht Skiermûntseach -32 stimmen en strykkwartet op. 35A (1933)
- Symfoanysk Gedicht Skiermûntseach -18 stimmen- op. 35B (1949)
- Divertimento in C grut -18 stimmen- op. 55 (1953)
- Wals út De schatten van de Lutine -24 stimmen- op. 20 (1931)
- Uvertuere In Honorem Bolsvardiæ -18 stimmen- op. 58 (1953)
- Yn Memoriam Karst Dijkstra -17 stimmen- op. 53 (1951)
- Suite foar lyts orkest -14 stimmen- op. 72 (1969)
Solo en orkest
bewurkje seksje- Andante foar sello en lyts orkest yn g lyts op. 21 (1929)
- Romance foar fioele en orkest yn C grut -18 stimmen op. 6 (1925)
- Concertino for violin and small orchestra in a minor op. 70 (1967)
- Declamatorium Prolooch oant "De Hoara's fen Hastings" op. 39 (1939)a: declamatorium mei piano b: declamatorium mei orkest
Koarmuzyk mei begelieding
bewurkje seksje- Ontwaakt, Gij die slaapt (kantate mei Nederlânskse tekst) op. 27 (1931). sopraan, alt, tenoor, soli, mingd koar en oargel
- Psalm 57:2 foar mingd koar en fanfare orkest op. 37 (1936)
- Toanielmuzyk by "Simson" fan Fedde Schurer -16 stimmen- op. 51 (1947) (Nederlânsk en Frysk) solo stimmen, mingd koar en lyts orkest
- Wer binn' de fjilden grien (Betinkings kantate) teksten fan Douwe Tamminga en Fedde Schurer deklamaasje, mingd koar en orkest -12 stimmen- op. 32 (1949)
- De fyftsjinde April (Betinkings kantate) op. 54 (1951) alt solo, deklamaasje, mingd koar en orkest -12 stimmen-
- Muzyk by de feestlike betinking fan Gysbert Japicx op. 68 (1965)
Opera en operettes
bewurkje seksje- De Skatten fan de Lutine op. 20 ( 1929) Operette yn 3 bedriuwen op Nederlânske tekst, soli, mingd koar, strykorkest, piano en oargel
- De Jonkerboer op. 50 (1946) Opera yn 2 bedriuwen nei "Rimen en teltsjes" fan de bruorren Halbertsma Libretto: Dr. Y. Poortinga; soli, mingd koar en orkest
Koar á kapella
bewurkje seksje- op. 1 (1922); 5 & 7 (1925); 16 (1927); 26 (1930-31); 69 (1960); 77 (1971) 49 ferskillende lieten op Fryske tekst foar mingd koar
- op 24 (1924) 4 lieten foar frouljuskoar op Fryske teksten fan Pieter Jelles Troelstra
Keamermuzyk
bewurkje seksje- Strykkwartet nr. 1 yn G grut op. 10 (1926)
- Strykkwartet nr. 2 yn d lyts op. 28 (1931- 1943)
- Strykkwartet Yn Memoriam foar 3 soldaten fan de Canadian Army (1943)
- Sonate yn d lyts foar fioele en piano op. 46 (1942)
- Suite yn d lyts Yn âlde styl op. 40 (1935) foar kwinton, viola d'amore, tenor- en basgamba en sembalo
- Trio foar hobo, klarinet en fagot yn Bes grut op. 65 (1957)
- 2 trio's foar hobo, klarinet en fagot yn F grut en Bes grut op. 62 (1956). Basearre op twa Fryske folkslietsjes en rekonstruearre troch Dirk Meijer
Muzyk foar toetsynstruminten
bewurkje seksje- 3 Sonatines foar piano yn C grut op. 58 (1944-1952)
- Preludium yn Bes lyts foar oargel op. 41 (1937)
- Suite foar oargel no opus(1951)
Sololieten
bewurkje seksje- Ungefear 50 lieten foar ferskate solostimmen en piano op Fryske teksten fan Obe Postma, P. van der Burg, Rixt, S.Jongema, J.H.Brouwer, F.Schurer, Simke Kloosterman, P.J. Troelstra, Douwe Kalma, J. Eisinga, G. Jonkman en oaren.
- Op. 8 (1925); 29 (1931); 32 (1932-1933); 34 (1937); 38 (1938); 49 (1943-1944);
- op. 56 (1952) foar alt
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|