Sondel
|
Sondel is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, east fan de bosken. Oant 2014 lei it yn 'e gemeente Gaasterlân-Sleat. It doarp hat in lytse 400 ynwenners.
Oan de súdkant fan Sondel lizze de grutte landerijen dy't grinzje oan de seedyk dêr’t de Iselmar efter leit. West fan Sondel lizze de Gaasterlânske bosken, besuden leit it natoergebiet "de Leien".
Skiednis
bewurkje seksjeIt doarp Sondel is tusken 1200 en 1300 ûntstien en ûntlient syn namme oan in sânich plak by in boskje. Yn âlde geskriften wurdt it ek Sendel, Senderaland, Sindel, Syndel, Sonderaland, Sundel en Sûndel neamd. Yn 1429 hat der in fjildslach west by Sondel tusken Skieringers en Fetkeapers. Yn Sondel stie it ferneamde slot Beuckenswyk. Hjoed-de-dei stiet op it stee in pleats mei twa grutte wapenstiennen út de foarige iuwen.
Yn de Twadde Wrâldoarloch wie dêr in Dútsk barakkekamp mei ôflúster- en radarapparatuer en twa militêre stellingen.
Mienskip
bewurkje seksjeIt doarp hat in feriening foar Doarpsbelang dy't har gearkomsten hat yn it doarpshûs. Sûnt 2004 is der in feestkommisje. Fjouwer kear yn 't jier ferskynt it boekje "Praat". De basisskoalle, dy't "Op 'e Terp" hjitte, is yn 2020 sletten. Der is in pjutteboarterplak, "Hummelterp".
Tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side De Haven (Sondel).
De Haven is de eardere herfoarme tsjerke fan Sondel. Sûnt 2007 is it ien fan de trije tsjerken fan de PKN-Aldemardum-Nijemardum-Sondel. De tsjerke datearret út de 19e iuw en ferfong in âlder tsjerkegebou. De skiednis fan de tsjerke giet werom op in foarse tsjerke út de 12e of 13e iuw, dy't oan de apostel Andréas wijd wie.
Ferienings
bewurkje seksje- Bilsjongers - koar
- De Tsjasker - toulûken
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 382 | 488 | 466 | 284 | 249 | 390 | 400 |
Eveneminten
bewurkje seksjeDe Sondeler Bil is in middenstânsbeurs foar de Súdwesthoeke dy't om de twa jier yn Sondel holden wurdt.
Ferskaat
bewurkje seksje- Oan de Noarderreed, tichteby de Bremer Wyldernis, is in selspluktún.
Iepenbier ferfier
bewurkje seksje- Busline 44 (Connexxion): Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Riis - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv.
- Busline 47: Snits - Jutryp - De Hommerts - Wâldsein - Ypekolsgea - Harich - Balk - Sondel - De Lemmer.
Strjitten
bewurkje seksjeBeamkamp, Beuckenswykstrjitte, Delbuersterwei, It Gaastdyk, J Boomsmastrjitte, Krúspaad, Noarderreed, Sondelerdyk, Sondelerleane, Swaaigat.
Berne yn Sondel
bewurkje seksje- Pieter Boomsma (1941), predikant
- Jacobus Q. Smink (1954), skriuwer en ûnderwizer
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|