Teakesyl ( Ned.: Tacozijl) is in buorskip yn it súdlike part fan Fryslân yn de gemeente De Fryske Marren. Hy leit op de grins mei Gaasterlân-Sleat. Hy wie eartiids in haven oan de Sudersee en leit oan de Ie en oan de seedyk flakby de Iselmar tusken De Lemmer en Sondel.

It Woudagemaal by Teakesyl (2005)

Teakesyl bestiet út inkele pleatsen en in slús. Oan de eastkant fan Teakesyl stiet ek it ferneamde Yr. D.F. Woudagemeal, it grutste noch wurkjende stoomgemaal.

De namme komt wierskynlik fan in persoan dy’t Taka hjitte en by de slús wenne. 'Syl' is in oar wurd foar slús.

 
It joadsk begraafplak

Hjir steane tsientallen âlde sarken en in tinkplaat oan de oarloch 1940-1945. Yn 'e oarloch waarden ek trije Joadske ynwenners fan De Lemmer op transport nei Auschwitz setten. Se kamen net werom. It Joadske tsjerkhôf wurdt ûnderholden troch de Stifting Joadsk Begraafplak Teakesyl op De Lemmer.

  De Fryske Marren  
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
  ·   ·