Stoomgemaal
In stoommgemaal is in gemaal dat troch in stoommasine oandreaun wurdt.
Opkomst
bewurkje seksjeNeidat James Watt de stoommasine ûntwikkele hie ta in gaadlike oantriuwing, waard dy fansels ek tapast foar it pompen fan wetter. Yn Nederlân wurde stoomgemalen brûkt sûnt de ein fan de 18e iuw: yn 1787 waard yn de Blijdoarpske polder yn Rotterdam de earste stoompomp ynsetten. Foar dy tiid waarden mûnegongen mei wynmûnen brûkt. It beswier wie dêrby dat in mûne net pompe koe at der te min of te folle wyn wie. Dat probleem hienen de stoompompen net, mar de earste stoomgemalen hienen noch safolle problemen yn harren konstruksje dat hja net betrouwberder wienen as de mûnen.
Bloeitiid
bewurkje seksjeDe bloeitiid fan it stoomgemaal lei yn de twadde helte fan de 19e iuw. Yn it begjin van de 19e iuw waard de technyk ferbettere dat stadichoan waarden de stoomgemalen mear en mear ynset. Steamgemalen koenen mei in folle gruttere kapasiteit boud wurde, wat wer gruttere projekten mooglik makke. De geweldige stoomgemalen Leeghwater (1846), Cruquius (1849) en Lijnden (ek 1849) mealden tusken 1849 en 1852 de Haarlimmermar leech. It ynpolderen fan de mar makke de bou fan de boezemstoomgemalen Spaarndam (1846) en Halfweg (1853) needsaaklik.
Neitiid
bewurkje seksjeYn de 20e iuw waard oergongen op oare enerzjyboarnen. Ynearsten waarden noch in pear nije stoomgemalen boud. It bekendste hjirfan is it Yr. D.F. Woudagemaal (1920), it grutste noch wurkjende stoomgemaal fan’e wrâld. Mar in soad stoomgemalen binne sloopt of omboud ta diselgemaal.
Ferneamde gemalen
bewurkje seksjeIt stoomgemaal by Halfweg is it âldste noch wurkjende steamgemaal. It steamgemaal Cruquius, oait it grutste stoomgemaal fan ’e wrâld, hat gjin stoomtsjettels mear en is ynrjochte as museum.
Oare bekende stoomgemalen binne:
- Yr. D.F. Woudagemaal by De Lemmer (1920); it Woudagemaal is it grutste noch wurkjende stoomgemaal fan ’e wrâld.
- Mastenbroek by Genemuiden (1856)
- Hertog Reijnout by Nijkerk (1883)
- De Tuut by Appeltern (1918)
- Winschoten by Winschoten (1895)