Sondeler Feart
De Sondeler Feart is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint fan Sondel neist de Sondelerdyk nei it súdeasten. Krekt foarby de Sondeler Leien bûcht de feart mei in bocht nei it noardeasten en hjit dan Nije Feart.
De namme Sondeler feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Sondelervaart.