Spannenburch (buorskip)
Spannenburch (útsprutsen as: Spòn'nburch)is in buorskip yn de gemeente De Fryske Marren en is diel fan it doarp Tsjerkgaast. Spannenburch leit tusken Sint Nyk en Sleat, bij de brêge, dêr't de N354 oer it Prinses Margrietkanaal rint. De hege stjoermêst is fan fierrens te sjen.
Spannenburch | ||
Wapen van Friesland mei benefter de Toer fan Spannenburch | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Himrik | Tsjerkgaast | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N354 | |
Postkoade | 8522 | |
Netnûmer | 0514 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 55' NB, 5° 42' EL | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe buorskip ûntstie yn de 19e iuw en is in oerbliuwsel fan it âlde plak Wollegaast, dy't op it eastlike part fan in glasiale driuwwâl lei. It taheaksel "-gaast" betsjut in sânige ferheging.
Spannenburch is neamd nei de bewenner fan de âlde, restaurearre útspanning Het Wapen van Friesland, Laas Tsj. Spannenburg, dy't dêr in herberch, huzinge Spannenburch, bouwe liet nei't de âlde Strjitwei fan Snits nei De Lemmer yn 1848 oanlein waard. It gebou waard brûkt fan materiaal fan de yn 1845 ôfbrutsen Doumastate yn Langwar. Op it plak krusen wetters en diken út ferkate rjochtingen inoar. De herberch waard letter in hotel en it gebou is hjoed-de-dei in ryksmonumint. De nammen Wollegaast en Spannenburch waarden yn 'e iere 20e iuw njonken inoar brûkt, dochs ferdwûn de earste namme sa stadichoan.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 makke Spannenburch diel út fan de eardere gemeente Doanjewerstâl, dêrnei oant 2014 fan de gemeente Skarsterlân dy't doe yn de fúzjegemeente De Fryske Marren opgie.
Drinkwetter en Toer fan Spannenburch
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Toer fan Spannenburch.
Sûnt 1937 is dêr in produksjebedriuw foar it meitsjen fan drinkwetter. Fierder stiet der in stjoermêst, faak "de PTT-toer" neamd. Dy toer fan Spannenburch is eigendom fan KPN en wurdt foar telekommunikaasje en radio-útstjoeringen brûkt. De betonkonstruksje is 145 meter, de totale sichtbere hichte 118 meter.
-
Kafee Spannenburg yn 1915
Ferkear en ferfier
bewurkje seksjeSpannenburch is fanâlds ek in wichtich oerstappunt foar streekbussen fan Autobedriuw ZWH, FRAM, VEONN, Arriva en Connexxion. It Prinses Margrytkanaal rint troch de buorskip hinne, dêr't oer de Brêge Spannenburch de N354 (de âlde Strjitwei fan Snits nei De Lemmer) oerhinne rint.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|