Toer fan Spannenburch

De Toer fan Spannenburch is in 118 meter hege toer foar telekommunikaasje en radio- en telefyzje-útstjoeringen by Spannenburch. Ek is dêr romte foar in rekkensintrum. De toer is in betontoer en is de heechste toer fan Fryslân.[1] Hy stiet njonken it Prinses Margrietkanaal by de trijesprong fan de N354 en de wei rjochting Tsjerkgaast.

Toer fan Spannenburch
bouwurk
De Toer fan Spannenburch (2019)
De Toer fan Spannenburch (2019)
lokaasje
Gemeente De Fryske Marren
plak Spannenburch
koördinaten 52° 54' 32" NB 5° 41' 56" EL
bysûnderheden
type bouwurk toer
subtype stjoermêst
boujier 1971-1973
arsjitekt Anton Auer (1920-1980)
oare ynformaasje
hichte 118 m
kaart
Toer fan Spannenburch (De Fryske Marren)
Toer fan Spannenburch
Lokaasje fan de toer yn de gemeente De Fryske Marren
Utsjoch oer it Prinses Margrietkanaal fan de toer ôf

De sichtbere hichte is 118 meter, mar de totale betonkonstruksje is 145 meter. Hy stiet op 72 heipeallen fan 23 meter lang en in 2,5 meter tsjokke fundearringsplaat. De toer hat in trochsneed fan 12 meter en hat 22 ferdjippings.

Der wienen plannen om op de toer in antenne te setten (mei in hichte fan 46 meter), sadat de totale hichte 165 meter wurde soe. De toer is it heechste bouwurk fan Fryslân. Op it twadde plak stiet de Achmeatoer fan hast 115 meter.

Op 16 july 2011 waarden der needstjoerders op de Toer fan Spanenburch pleatst nei't in grutte brân de toer fan Hegersmilde op 15 july slim skansearre hie.

De toer waard yn opdracht fan de Ryksgebouwetsjinst tusken 1971 en 1973 boud foar de PTT[2] dy't de toer dêrnei yn gebrûk naam as strielferbiningstoer foar telefoan en telefyzje.[3] De toer hat twa paradissen foar it opstellen fan strielstjoerders en ûntfangers en dêrboppe is in saneamde (glêzen) reportaazjering. De toer waard part fan it lanlik keppelnet fan strielferbiningstuorren en mêsten dy't tusken 1955 en 1989 foar de PTT boud waarden.[4][5][6] Op 27 maaie 1974 waard de toer seremonieel troch boargemaster Johan Caspar Cavaljé fan de doetiidske gemeente Doanjewerstâl iepene. Hy die dat troch op de njoggentjinde ferdjipping tsientallen postdowen de frijheid te jaan, dy't it berjocht oer de iepening nei Ljouwert ta bringe moasten. [7]

Yn 2007 ferkocht PTT/KPN oan Alticom, dy't in ferdjipping as rekkensintrum (datacenter) ynrjochte hat. Sûnt 2016 wurdt in ferdjipping oan ViaData Automatisering B.V. fan It Hearrenfean ferhierd.[8] Yn 2017 waard Alticom troch it Spaanske telekombedriuw Cellnex Telecom oernommen.

Radio en telefyzje

bewurkje seksje

Yn 1998 krige de toer foar it earst FM-antennen en stjoerapparatuer foar Noordzee FM en Radio 538.[9]

FM-stjoerders dy't oer de toer útjûn wurde (2022):

Frekwinsje Hichte Fermogen Omrop
91,0 MHz 140 m 40 dBW Radio Veronica (2003- no)
94,1 MHz 100 m 33 dBW RadioNL
95,5 MHz 99 m 44,8 dBW BNR Nieuwsradio
97,9 MHz 120 m 34 dBW Radio Continu Friesland
98,5 MHz 100 m 30 dBW Joy Radio
99,1 MHz 99 m 37 dBW 100% NL
102,5 MHz 124 m 50 dBW Radio 538
103,8 MHz 120 m 40 dBW Joe

Digitale radio DAB+

bewurkje seksje

De toer hat ek twa stjoerders foar digitale radio yn DAB+. De iene stjoert in nust radiokanalen út fan de NPO, de oare in nust kommersjele radiokanalen.

Kanaal Frekwinsje Hichte Fermogen Fergunninghâlder
7D 193,296-194,832 MHz 120 m 16,5 dBW MTVNL
12C 226,592-228,128 MHz 120 m 30 dBW NPO

Sûnt maart 2023 tsjinnet de Toer fan Spannenburch as stipestjoerder foar telefyzje. It nustje mei NPO 1, NPO 2, NPO 3, NPO 1 Extra, Omrop Fryslân TV en TV Noord is frij op 626 MHz te ûntfangen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bij Tjerkgaast komt toren van 118 meter Ljouwerter Krante, 14 maaie 1971
  2. De straalverbindingstoren te Spannenburg, Ljouwerter Krante, 9 novimber 1972
  3. Door toren Spannenburg kan bellen met Westen verveertienvoudigd worden, Ljouwerter Krante, 15 juny 1971
  4. PTT-net over enkele jaren voltooid, Deiblêd De Waarheid, 27 novimber 1968
  5. De bouw van de straalverbindingstoren in Lelystad vordert gestaag, Nederlands Dagblad, 3 juny 1976
  6. PTT-toren Itterfoort 118 m. hoog, Limburgs Dagblad, 07 maart 1989
  7. Toren Spannenburg 27 mei in gebruik, Ljouwerter Krante, 15 maaie 1974
  8. Alticom en ViaData starten datacenter in Friese toren, Computable, Pim van der Beek, 5 oktober 2016 10:55. Oproppen op 17 septimber 2019.
  9. Zendmast stoort tv's Spannenburg, Ljouwerter Krante, 4 maart 1998