Tsjerkgaast is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, tusken Sleat en Sint-Nyk. De buorskippen Lytse Geast en Spannenburch, mei syn bekende toer, lizze yn 'e himrik fan Tsjerkgaast.

Tsjerkgaast
Gaestdyk mei de Tsjerke fan Tsjerkgaast
Gaestdyk mei de Tsjerke fan Tsjerkgaast
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 345 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 19,24 km² (16,48 km² lân, 2,76 km² wetter)
Befolkingsticht. 18 ynw. /km²
Oar
Ferkearsieren N354
Postkoade 8522
Netnûmer 0514
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 54' NB, 5° 41' EL
Komboerd Tsjerkgaast
Komboerd Tsjerkgaast
Kaart
Tsjerkgaast (Fryslân)
Tsjerkgaast
Kaart
Gaestdyk mei de Tsjerke fan Tsjerkgaast
Himrik fan Tsjerkgaast (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân

Tsjerkgaast hat 345 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Tsjerkgaast ûntstie op in glasiale driuwwâl. Oan 'e westkant lei Lytse Geast en oan 'e eastkant lei Wollegaast op it plak dêr't hjoed-de-dei de buorskip Spannenburch leit. yn 1418 wurdt it plak neamd as Tzerckgeest en is de earste ferwizing nei it plak mei de hjoeddeistige namme. Yn 1440 en 1443 komt Harchgeest foar mar kin in ferkearde stavering fan Zarckgeest en fariant Zarcgast wêze. Yn de 16e iuw komme Tzerckgaest en Tzarckgeest foar. Op de kaart fan Schotanus komt Tzerckgaest foar.
De namme ferwiist tsjerk nei de tsjerke dy't oarspronklik oan Sint-Augustinus wijd wie, en gaast nei in sânrêch of heechlizzend sânige grûn. Sokke gaasten wiene der wol mear, mar op dizze gaast stie op dat stuit de iennige tsjerke. Dêr wurdt wolris fan tocht dat Suthegoe (1130) de âldste namme fan it doarp is, mar dêr wurdt nei alle gedachten de goa Sudergoa mei bedoeld, dêr't Tsjerkgaast part fan wie. De preester fan Tsjerkgaast spile mooglik in promininte rol yn Sudergoa.

Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984, hearde it doarp ta sawol de gritenij as de gemeente Doanjewerstâl, dêrnei oant 2014 ta de gemeente Skarsterlân dy't dêrnei opgie ynd e fúzjegemeente De Fryske Marren.

De protestanske tsjerke fan Tsjerkgaast is fan 1703, en ferfong in earderen ien. De preekstoel en doopstek binne út de 17e iuw. Der is ek in reade sânstiennen grêfsark út de 14e iuw. Op it tsjerkhôf stiet ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.

It Doarpsbelang komt op foar de belangen fan de mienskip en komt mei-inoar yn it doarpshûs It Spantsje. Yn 2003 waard yn it ramt fan it 300-jierrich bestean fan de tsjerke fan Tsjerkgaast it iepenloftspul 'De skat fan Tsjerkgaast' makke.

Feriening(s)

bewurkje seksje

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2024
439 441 450 436 396 190 386 350

Boarne: Alle Cijfers

Berne yn Tsjerkgaast

bewurkje seksje

Ferstoarn yn Tsjerkgaast

bewurkje seksje
 
Loftfoto fan Tsjerkgaast
  • Aldedyk - oerbliuwsel fan de âlde ferbiningswei Sint Nyk-Sleat
  • Brekkendyk - rint oan de eastside fan it Prinses Margrietkanaal nei de Lemster Brekken. Brekken binne markes of sompich lân.
  • De Bolten - âlde namme fan in âlde wat heger lizzende dyk fan Tsjerkgaast nei Gaasterlân.
  • De Koai - nei de eardere einekoai, no noch in boskje.
  • De Stikels - hjir groeiden in soad stikels.
  • De Trochreed - Ferwiist nei de trochreed fan it eardere kafee dêr't hynders yn- en útspand waarden.
  • Gaestdyk - trochgeande dyk oer de gaasten, heechlizzende sângrûnen. De namme komt ek foar yn geastgrûn en Gaasterlân.
  • It Foarfjild - in stik lân foaroan by de dyk waard in foarfjild neamd
  • Jerdensdyk - in dyk troch jerden, lange smelle stikken lân.
  • Kanaalsdyk - oan de westkant fan it Margrietkannaal, bylâns de Brekkendyk.
  • Puthoeke - nei de put of welle dêr't eltsenien eartiids wetter helje koe.
  • Riensleat - Neam nei de Riensleat of Wâldsleat, it kanaal tusken de Lemster Brekken en Follegea.
  • Spannenburgerdyk - fan Spannenburch nei Sint Nyk. Spannenburch wie in eardere loazjeminthâlder op it krúspunt Spannenburch.
  • Strjitwei - de strjitwei fan De Lemmer nei Snits.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tjerkgaast fan Wikimedia Commons.
  De Fryske Marren  
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
  ·   ·