Tsjerke fan Tsjerkgaast
De Tsjerke fan Tsjerkgaast is ien fan de trije tsjerken fan de PKN-gemeente Op 'e Noed. De oare tsjerken fan de gemeente steane yn Sint-Nyk en Jiskenhuzen. De tsjerke is in ryksmonumint.
Tsjerke fan Tsjerkgaast | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Tsjerkgaast | |
adres | Gaestdyk 37 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1701-1703 | |
offisjele webside | ||
Webstee Op 'e Noed |
Skiednis
bewurkje seksjeFoar de bou fan de tsjerke fan Tsjerkgaast waard op 25 juny 1703 de earste stien lein. De mei in trijesidich koer ôfsletten tsjerke ferfong in âldere tsjerke út de midsiuwen. Fan in ôfbyld is oerlevere dat it in nochal grut gebou west hat mei mar in pear finsters.[1]. De sealtektoer fan dowestien waard yn 1759 ferfongen troch it houten geveltuorke mei ynsnuorre spits. De westlike gevel fan de tsjerke is yn 1941 mei behâld fan it poartsje út 1703 folslein op 'e nij oplutsen.
Yn it ramt fan it 300-jierrich jubileum is der yn 2003 in boekje útbrocht oer de skiednis fan de tsjerklike gemeente mei de titel "Kerken rondom de toren". Yn de publikaasje wurdt ek omtinken jûn oan de katolike, herfoarme en grifformearde tsjerken fan Sint-Nyk en Jiskenhuzen en de net mear besteande tsjerken fan Dunegea en Legemar.[2]
De sarkofaach by de tsjerke is yn 1946 fûn. Op de sarkofaach út de 12e of 13e iuw binne in krús en kromstêven te sjen.
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe tsjerke besit in 17e iuwske iken preekstoel mei doophek. Oer de flier yn it koer lizze in tal sarken mei wapens út de 17e en 18e iuw. De tsjerke hat fjouwer finsters mei brânskildere ramen. Yn de toer hinget in 1,577 ton swiere klok út de âlde sealtektoer, dy't yn 1577 getten waard troch Willem Wegewaert.[3]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel datearret út 1922 en is boud troch de firma Bakker & Timmenga út Ljouwert. By de bou makke it bedriuw gebrûk fan âldere dielen.
Flearmuzen
bewurkje seksjeUnder it tsjerkedak huzet simmerdeis in koloanje marflearmuzen. Winterdeis oerwinterje de beestjes yn de grotten fan Súd-Limboarch.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|