Legemar

Legemar
Himrik fan Legemar
gemeente De Fryske Marren
Gritenij Doanjewerstâl
Stimmen 19
Ynwenners (2021) 40
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 5° 43' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8527
Webstee {{{webstee}}}

Legemar is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, noardwest fan Sint Nyk. It is net folle mear as in boerestreek yn de lijte fan de bosken by Sint Nyk.

Legemar

Legemar leit eins heger as it gebiet der omhinne. Yn 1543 hiet it doarp ek Nijemar, al wurdt it ek wolris 'Maris' neamd. Súdeast fan it doarp wie yn de 19e iuw noch in heidefjild. Fan de tsjerke is neat mear oer, der stiet noch wol ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân. Wierskynlik binne de ynwenners letter fan it legere gedielte lykas by de Teroelster Sipen nei in heger gebiet ferhuze mar is de namme bestean bleaun. Earder foel Hústerheide ek ûnder Legemar. Oant 1951 waarden de tsjerkefouden troch de 'floreenplichtige' keazen troch de grûnbesitters. Oant de gemeentlike weryndieling van 1 jannewaris 1984 wie Legemar part fan de eardere gemeente Doanjewerstâl.

By Legemar leit in golfbaan fan de Sint Nykster golfferiening.

BefolkingBewurkje

StrjittenBewurkje

  • Legemarsterwei - rûn troch leech lizzend lân dat eartiids faak ûnder wetter stie troch De Kûfurd.

Sjoch ekBewurkje

 
Plakken yn de gemeente De Fryske Marren
 
Haadplak: De Jouwer    Stêd: Sleat

Doarpen en útbuorrens: AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel

Buorskippen: BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part) • SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich