Aldegea (Gaasterlân)
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Gaasterlân-Sleat | ||||
Ynwennertal (2004) | 270 | ||||
Webstee | Webste Aldegea-Kolderwâlde |
Aldegea is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súdlik fan de Fluezen. It doarp hat likernôch 270 ynwenners (2004).
Foar de noardwestside fan Aldegea is in útwreidingsplan foar in 30 huzen. De tsjerke stiet yn it âldste diel (út de lette Midsiuwen), middenyn it doarp. It doarp krige in lintbebouwing trochdat letter fierder boud waard bylâns de tichtsmiten Wâldfeart en de Wâlddyk. Aldegea leit yn in iepen lânskip. Dit komt troch de polderûntginning yn de 19e iuw. De Ige Galamawei ferbynt Aldegea yn it noardeasten mei Ealahuzen en yn súdwestlike rjochting nei Kolderwâlde, Himmelum en Bakhuzen.
BefolkingBewurkje
1954 - 357, 1959 - 361, 1964 - 311, 1969 - 273, 1973 - 263, 1994 - 232, 1999 - 261, 2004 - 270.
FerskaatBewurkje
- De herfoarme tsjerke oan de Aldewei is oanwiisd as monumint.
- De Skeakel is it multifunksjonele sintrum dêr't de skoalle in diel fan is.
- Yn it wapen fan Aldegea stean in stins en in leelje, beide ferwizend nei de aadlike Galama's, famylje fan Ige Galama
Strjitten yn AldegeaBewurkje
Aldewei, Algemiene Wei, Bokkeleane, Ige Galamawei, Klaas Gelkesstrjitte, Sanne Windwei.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |