Leeljes (famylje)
(Trochferwiisd fan Leelje)
De leeljes of leeljefamylje (Liliaceae) is in famylje fan iensiedblêdige planten.
leeljes | ||
De boskgoudstjer (Gagea lutea) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | planten (Plantae) | |
(sûnder rang): | draaiplanten (Streptophyta) | |
ûnderryk: | lânplanten (Embryophyta) | |
boppestamme: | faskulêre planten (Tracheophyta) | |
stamme: | blêdplanten (Euphyllophyta) | |
(sûnder rang): | ranke planten (Lignophyta) | |
boppeklasse: | siedplanten (Spermatophyta) | |
klasse: | bedutsensieddigen (Angiospermae) | |
(sûnder rang): | iensiedblêdigen | |
(sûnder rang): | lilioïden | |
skift: | leelje-eftigen (Liliales) | |
famylje: | leeljes (Liliaceae) | |
Jussieu, 1789 |
De soarten yn dizze famylje binne oerbliuwende planten mei woartelstokken, bollen of knollen. It blomdek bestiet út twa krânsen fan trije blêdsjes. Der binne likefolle moaltriedden as blomdekblêden. It fruchtbegjinsel is boppestânich en trijehokkich. De frucht is meastal in doasfrucht, mar kin ek in bei wêze.
Taksonomy
bewurkje seksjeDe famylje hat in lange taksonomyske skiednis hân: de omskriuwing fan de famylje is yn de rin fan de tiid sterk feroare. Yn it APG II systeem (2003) hat de famylje mear as 600 soarten.