Ealahuzen
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | De Fryske Marren | ||||
Ynwennertal (2012) | 356 | ||||
Webstee | Foto fan Ealahuzen |
Ealahuzen is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, oan de Fluezen. It doarp hat likernôch 330 ynwenners (2004). De basisskoalle fan it doarp hjit Us Nije Gea, krektas it doarpshûs.
Ealahuzen leit yn in lanlik gebiet. Om sa min mooglik lêst fan de sinne te hawwen binne in soad foarhuzen op it noardwesten rjochte. Der stiene ek wol liedlinebeammen foar it hûs.
Oant yn de 20e iuw ferwurken de boeren de eigen molke. Om 1910 hinne krige it doarp in koperatyf molkfabryk. Yn 1961 is dat sluten en letter ferboud ta sylskoalle, groepsakkomodaasje en restaurant.
FerskaatBewurkje
- By it doarp leit ek jachthaven 'De Koggeplaet'
- Yn de neinacht fan Ald op Nij is it wenst yn it doarp om op de ruten fan guon ynwenners teksten te kalkjen.
By Ealahuzen is alle jierren skûtsjesilen fan de SKS.
YnwennersBewurkje
StrjittenBewurkje
Buorren, Elderskar, Joop Schweitzerstrjitte, Lange Hoek, Mardyk, Marsicht, Poeldyk, Tropherne, Tsjerkewei en Wâldwei.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |