Joop Schweitzer
Johannes Doedenias (Joop) Schweitzer (Maassluis 12 juny 1921 - Nijegea (Ealahuzen), 4 augustus 1944) wie in gemeente-amtner en fersetsman út Ealahuzen.
Joop Schweitzer waard amtner by de gemeente Gaasterlân. Dêr rekke er belutsen by it fersetswurk, ûnder oare as tsjinstanner fan de Winterhelpkollekten, ek joech er gjin gehoar oan de Arbeistzeinsatz yn Dútslân. By in razzia yn syn âldershûs yn Balk flechte Joop Schweitzer nei Ealahuizen dat doe noch Nijegea hiet. Doe't er hast ûntdekt waard woe hy útpike mar waard op de flecht deasketten. De dieder is op 26 april 1949 troch it Bysûnder Gerjochtshof yn Ljouwert feroardiele ta 19 jier Riiswurkynternearing.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |