Maasslûs
Maasslûs of Maasslús (Nederlânsk en offisjeel Maassluis) is in Nederlânske stêd en gemeente yn de provinsje Súd-Hollân. De gemeente hat in oerflak fan 10,12 km² (dêrfan is 1,64 km² wetter) en hat 35.821 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) dy’t Maasslûzers neamd wurde. Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare kearnen. De gemeente is ûnderdiel fan it gearwurkingsferbân Metropoalregio Rotterdam-De Haach.
Maasslûs Maassluis | ||
Loftfoto fan Maasslûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
Boargemaster | Jack de Vries (CDA) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 35.821 (1 jannewaris 2024)[1] | |
Oerflak | 10,12 km² (8,48 km² lân, 1,64 km² wetter) | |
Befolkingsticht. | 4225 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A20 | |
Postkoade | 3141-3147 | |
Netnûmer | 010 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 55' NB, 4° 15' EL | |
Lokaasje gemeente Maaslûs | ||
Offisjele webside | ||
www.maasluis.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Gemeentekaart fan Maaslûs, esimber 2016 |
Skiednis
bewurkje seksjeMaasslûs is om 1340 ûntstien, as delsetting by in slûs yn in seekearing dy’t tusken de Noardsee en Rotterdam oanlein waard om oerstreamings te foarkommen. De delsetting waard Maeslandsluys neamd en foel bestjoerlik ûnder Maesland. Yn 1489 waard de delsetting plondere. Yn de sechtjinde iuw liet Filips fan Marnix fan Sint-Aldegonde in nije skâns oanlizze. Noch foar de foltôging waard de skâns yn 1573 ferovere troch de Spanjerts. Fan Aldegonde waard finzennomd. In jier letter waard Maeslandsluys troch oproerige Spaanske troepen plondere.
Op 16 maaie 1614 krige Maeslandsluys selsstannichheid fan de Steaten fan Hollân en gie fierder as Maassluis. De ôfskieding hie te krijen mei de ûnfrede yn Maaslûs oer de hâlding fan it bestjoer dat yn Maasland fêstige wie. Dy ûnfrede ûntstie omreden de hege kosten dy't betelle wurde moast en dêr mar in bytsje foaroer fan weromkaam. De skâns waard ôfbrutsen yn 1624 om plak te meitsjen foar de Grutte Tsjerke. Mei de bou dêrfan waard begûn yn 1629. De bou lei fiif jier stil trochdat kapers út Dúntsjerk in soad Maasslûzer fiskersskippen oermasteren en de bemanning oerboard smieten. Yn 1639 waard de Grutte Tsjerke foltôge.
It fersykjen fan Maaslûs om himsels in stêd te neamen komt fan desimber 1813. It Keninklik Beslút fan it ferlienen waard tekene op 18 febrewaris 1814.
Op ekonomysk mêd wie de fiskerij ynearsten fan grut belang. Yn de 19e iuw waard te stêd wrâldferneamd troch skipfeartbedriuw L. Smit & Co. en it skipsbergingsbedriuw W.A. van den Tak, dy't nei in fúzje bekend waarden as Smit-Tak. Yn Maasslûs is it Nasjonaal Sleepfeart Museum fêstige.
Twadde Wrâldkriich
bewurkje seksjeNei de kapitulaasje op 15 maaie 1940 klassifisearre de Dútske Kriegsmarine it gânse gebiet oan de Nije Wetterwei - Scheur - Nije Maas, mei beide ouwers fan Hoek fan Hollân oant Rotterdam as Hauptstützpunkt. Alle havens yn 'e omkriten waarden foar de ferskate parten fan de Kriegsmarine yn gebrûk nommen. De bûtenhaven fan Maasslûs wie benammen de thúsbasis fan it 32e en 34e Minensuchflottille, dy't foar it grutste part bestie út foardere fiskersskippen, lykas kotters en lôgers. Dy skippen, bewapene mei loftdoelgeskut, foarmen in driging foar aliiearde fleantugen dy't rjochting Dútslân fleagen.
De middeis op 18 maart 1943 waard Maaslûs troffen troch in oanfal me tritich brisant- en sechtich brânbommen fan tolve alliearde bommesmiters. Dy oanfal miste it ornearre doel, de oaljeraffinaderij Witol. Yn in koart skoftke tiid rekke in grut part fan de âlde binnenstêd troch swiere brannen en yninoar stoartsjende gebouwen swier skansearre. Achttjin ynwenners kamen dêrby om it libben.
Op 21 jannewaris 1944 waard Hoek fan Hollân, mank mei alve oare Jeropeeske havenstêden, troch it Oberkommando der Wehrmacht ta fêsting ferklearre. Dêr foel Maasslûs ek ûnder.
Joadske mienskip
bewurkje seksjeMaaslûs hie in liberaal fêstigingsbelied en it wie ien fan de bytsje plakken yn 'e omkriten dêr't Joaden as ynwenner wolkom wiene. Op 27 april 1688 fêstige tabaksferkeaper Levi jacobs him as earste. Fan 1750 ôf woeks de Joadske mienskip. Yn 1769 krigen se tastimming en bou in synagoge. Nei 1890 ferfearen de measten en yn 1930 wennen dêr noch mar acht Joaden yn 'e stêd. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden se allegear fuortfierd en fermoarde. De synagoge waard yn 1960 sloopt. It Joadske begraafplak waard yn 1950 kleare. De stoflike resten waarden fannijs begroeven op it algemiene begraafplak, dêr't ek de 23 grêfstiennen hinne brocht waarden.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeIn part fan Maaslûs is in beskerme stedsgesicht.
- De Hoop (nôtmûne)
- De Wippersmûne
- Monstersche Sluis
- Gemeenlandshuis
- Tsjerke-eilân mei Grutte Tsjerke
- Alde stedhûs
- Museum Maasslûs
- Petrus en Paulustsjerke, in futuristysk tsjerkegebou
- Sleepboathaven Maasslûs
- Nasjonaal Sleepfeart Museum, fêstige yn it âlde stedhûs
Galery
bewurkje seksje-
Sleepboat De Furie mei de Grutte Tsjerke op eftergrûn
-
Sleepboat De Furie by de lanlike oankomst fan Sinteklaas yn Maasslûs
-
Histoarysk gebou út 1649
-
de Doctor Kuyperkade
-
The "Marnixkade"
-
de Wip
-
Floedpeal mei stânbyld
-
Keunstwurk De Calypso
-
Keunstwurk driuwend op in flot
-
Kriichsmonumint fan Ek van Zanten
Berne yn Maaslûs
bewurkje seksje- Abraham Kuyper (1837-1920) sjoernalist, teolooch en minister-presidint 1901-1905
- Louis Fles (1872-1940), sakeman, aktivist en skriuwer
- Maarten 't Hart (berne 1944) biolooch en skriuwer
- Agnes van Ardenne (berne 1950) âld-politika en diplomaat
- Niko Koffeman (berne 1958) politikus en dierebeskermer
- Khalid Boulahrouz (berne 1981), eardere fuotballer
- Tonny Trindade de Vilhena (berne 1995), fuotballer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Súd-Hollân | |
---|---|
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht | |
· · |