Grutte Tsjerke (Maasslûs)

De Grutte Tsjerke (Nederlânsk: Groote Kerk) is in protestantsk tsjerkegebou yn Maasslûs, Súd-Hollân. De tsjerke waard yn 'e jierren 1629-1639 boud en op 9 oktober 1639 iepene. Bekend is û.o. it troch Rudolf Garrels boude oargel. Maasslûs hie al in lytsere tsjerke dy't yn 1500 boud wie, mar dy waard nei de iepening fan 'e Grutte Tsjerke sletten. Dêrom wurdt de Grutte Tsjerke ek wol Nije Tsjerke neamd.

Grutte Tsjerke
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Maasslûs
adres Kerkplein 2
koördinaten 51° 55' N 4° 15' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1629-1639
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 26609
Webside
PKN Maasslûs
Kaart
Grutte Tsjerke (Súd-Hollân)
Grutte Tsjerke

De tsjerke waard op 'e skâns boud, dy't in heale iuw earder oanlein wie tsjin de Spaanske troepen. De bou koe realisearre wurde troch in heffing op de hjerringfangst. Foarbyld foar it ûntwerp wie de Amsterdamske Noardertsjerke. Lykas dy tsjerke krige de Grutte Tsjerke in grûnplan fan in gryksk krús, oars as de Amsterdamske Noardertsjerke krige de Grutte Tsjerke lykwols noch goatyske spitsbôgefinsters.

 
It histoaryske oargel fan de Grutte Tsjerke.

De tsjerke heart ta de earste protestantske nijboutsjerken fan it lân. Oarspronklik soe de tsjerke in grutte krusingstoer krije, mar dy wie te swier en waard ferfongen troch in lytsere. De westlike toer waard fan 1648 oant 1650 neffens in ûntwerp fan Arent fan 's-Gravesande boud.

De tsjerke waard mei omlizzende hûzen op 18 maart 1943 troch in squadron fan de Royal Australian Air Force bombardearre en slim skeind. By it bombardemint kamen ek achttjin boargers om it libben. It doel fan it bombardemint wie in oaljeraffinaderij, mar dat mislearre om't it squadron te heech fleach en syn doel miste. It histoaryske oargel waard sparre en noch yn 'e kriich waard útein set mei de reparaasje. Hjoeddedei betinke stiennen yn de strjitte it bombardemint op Maasslûs.

 
Preekstoel mei dooptún.

De tsjerke hat in ryk ynterieur. Dêrûnder in koerstek, in preekstoel mei klankboerd en dooptún en in ryk bewurke hearebank út de 17e iuw. De fiif kroanluchters binne 18e-iuwsk. Fierder is der in renêssânse tekstboerd en in gildboerd fan 'e fiskers (1649) mei seesichten, skildere troch A. van Beyeren, it besjen wurdich.[1]

It oargel fan 'e Grutte Tsjerke waard tusken 1730 en 1732 boud troch Rudolf Garrels. Govert van Wijn, in rike ynwenner, betelle de bou en doe't er op 4 desimber 1732 njoggentich jier waard, is it oargel yn gebrûk nommen. It oargel is neffens de hearskjende moade in pear kear feroare en is by de lêste restauraasje troch Pels & Van Leeuwen nei de sitewaasje fan 1840 werom brocht. Twa registers letter tafoege registers (Open Subbas 16′ út 1938 en de Bazuin 32′ út 1975) bleaune bewarre. It trijemanualige oargel besit 50 registers en in frij pedaal.

De organist moat neffens de oanstellingsbetingsten in pear kear yn 't jier in oargelkonsert jaan. De opbringst dêrfan wurdt brûkt foar it ûnderhâld fan it ynstrumint.[2]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Groote Kerk (Maassluis)