De Hoop (Maasslús)
De Hoop is in nôtmûne yn 'e Súd-Hollânske stêd Maasslús.
De Hoop | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Maasslús | |
adres | Zuiddijk 94 | |
koördinaten | 51°55' N 4°15' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 26,10 m | |
boujier | 1792 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 26629 | |
Webside | ||
www.westlandsemolens.nl | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt boujier fan 'e mûne is net wis. Faak wurdt it jier 1792 neamd, mar oannommen wurdt dat de mûne âlder is. Fanwegen de foarm fan 'e mûne wurdt it jier 1690 net útsluten. Wis is wol dat de mûne in houten foargonger hân hat, dy't al yn 1611 bestie.
Nei bliksemynslach yn 1903 ûnstie der brân, dy't rillegau dwêste wurde koe sadat de skea beheind bleau. It like der ynearsten op dat de mûne ôfbrutsen wurde soe, mar de gemeente kocht de mûne oan en ferkocht de mûne letter wer oan in partikulier. Sûnt 1938 wie de gemeente wer eigener, dy't de mûne yn 1944-1945 wer wurkje liet om nôt foar de roppige befolking te meallen. Yn 1949 liet de gemeente in grutte restauraasje útfiere.
Troch it brekken fan de boppe-as yn 1963 stoarte it wjukkekrús nei ûnderen. Oan it begjin fan de jierren 1970 folge wer in restauraasje. De mûne krige û.o. in nij wjukkekrús mei Ald-Hollânsk hekwurk. Foarhinne hiene de wjukken it sûnt de jierren 1950 oanbrochte Ten Have-systeem.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe stiennen mûne is in rûne stellingmûne. De wjukken hawwe âld-Hollânsk hekwurk en hawwe in flecht fan 26,3 meter.
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- (ned) feriening De Hollânske Mûne
- (ned) Mûnedatabase
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|