Zwijndrecht (Nederlân)
Zwijndrecht | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Zwijndrecht is in plak en gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Yn 2022 hat de gemeente neffens it CBS likernôch 45.000 ynwenners.
Zwijndrecht leit yn de Zwijndrechter Waard (in diel fan it eilân Iselmûn) en grinzet oan de gemeenten Ridderkerk, Hendrik-Ido-Ambacht, Papendrecht, Doardt, Hoekske Waard en Barendrecht, en oan de rivieren de Noard, de Alde Maas en it Waaltsje. It bekende 'Trijerivierepunt', it drokst befarde punt fan Nederlân, leit by Zwijndrecht. De rivieren Noard, Alde Maas en Beneden-Merwede komme hjir by elkoar.
Sûnt 2003 is de eardere gemeente Heerjansdam part fan de gemeente Zwijndrecht. It doarp Heerjansdam hat 3.800 ynwenners (2021) en it doarp Zwijndrecht 40.840 ynwenners (2021). De gemeente wurket gear mei inkele buorgemeenten yn it regioferbân Drechtstêden.
Zwijndrecht hat in stêdebân mei Norderstedt yn Dútslân, mei Poprad yn Slowakije en mei Zwijndrecht yn Belgje.
Swin en drechtBewurkje
De namme Zwijndrecht is in gearfoeging fan it West-Frankyske wurd 'suin' (swin, swyn) en it wurd 'drecht' dat net fan it Latynske trajectum ôflaat is, mar fan it West-Nederfrankyske 'drift fan de rivier'. Swin komt fan 'swinen' en kin oersetten wurde as it weirinnen fan wetter of as it ôfnimmen fan djipte by eb. Drecht betsjut oerstekplak, oerhaal of fear. Zwijndrecht betsjut dus einlik ‘tijgeul dêr’t oerstutsen wurde kin'. Dy útlis docht fermoeden dat Zwijndrecht earder by leech wetter oan Doardt fêst siet, by leech wetter wiene beide delsettings skaat. In sitewaasje dy’t fan foar de 12e iuw wêze soe. Dy sitewaasje soe bestien hawwe oat de Sint-Elisabethsfloed yn 1421. De lyksaneamde Flaamske gemeente Zwijndrecht hat deselde lizzing fandatoangeande mei Antwerpen.
De namme Zwijndrecht gou earst foar de heule Zwijndrechtse Waard, dy’t begrinze waard troch de rivieren de Pelster, de Noard, de Alde Maas en it Waaltsje, tusken Heerjansdam en Oostendam. Bewenners fan dat gebiet moatte al yn de hege midsiuwen (900 - 1300) harren lân foar in part bedike ha, as beskerming tsjin de mannichfâldige oerstreamings.
Untwikkeling ynwennertalBewurkje
Befolkingsûntwikkeling sûnt 1996:[1]
Jier | Ynwenners |
---|---|
2022 | 44.789 |
2015 | 44.501 |
2005 | 45.209 |
1996 | 42.348 |
BoargemastersBewurkje
Boargemasters sûnt 1877:[4]
Namme | Partij | Perioade | Bysûnderheden |
---|---|---|---|
Pieter Johannes Albertus de Bruïne |
1877–1917 | ||
Petrus Doorn | ARP | 1917–1928 | |
Jan Jansen Manenschijn | ARP | 1929–1942 | |
Abraham Aeckerlin | NSB | 1942–1945 | |
Jan Jansen Manenschijn | ARP | 1945–1946 | |
Cornelis Slobbe | ARP | 1947–1967 | |
Hendrik Herman Douma | ARP | 1967–1976 | |
Cees Pijl Hogeweg | ARP, CDA | 1976–1991 | |
Dick Corporaal | CDA | 1991–2001 | |
Antoin Scholten | VVD | 2002–2012 | |
Maria Wiebosch-Steeman | GL | 2012–2013 | waarnimmend |
Dominic Schrijer | PvdA | 2013–2019 | |
Robert Strijk | D66 | 2019 | waarnimmend |
Hein van der Loo | CDA | 2019–no |
GemeenteriedBewurkje
De gemeenteried sûnt 1990:[5]
Sitten | |||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Partij | 1990 | 1994 | 1998 | 2002 | 2006 | 2010 | 2014 | 2018 | 2022 [2] |
Algemeen Belang Zwijndrecht (ABZ) | 3 | 5 | 5 | 8 | 10 | ||||
CU ² -SGP | 3 | 3 | 4 | 4 | 4 | 4 | 5 | 5 | 4 |
VVD | 4 | 4 | 6 | 4 | 4 | 5 | 4 | 3 | 3 |
CDA | 9 | 7 | 6 | 8 | 6 | 4 | 4 | 3 | 3 |
GL | 1 | 1 | 2 | 2 | 2 | 2 | 1 | 1 | 2 |
Zwijndrechtse Plus Partij (ZPP) | 2 | 2 | 2 | ||||||
PvdA | 6 | 5 | 7 | 6 | 9 | 4 | 3 | 2 | 2 |
D66 | 4 | 5 | 2 | 2 | 1 | 3 | 3 | 2 | 1 |
SP | 1 | ||||||||
LPF | 3 | ||||||||
CD | 2 | ||||||||
Totaal | 27 | 27 | 27 | 29 | 29 | 27 | 27 | 27 | 27 |
Opkomst | 58,6% | 64,9% | 58,4% | 51,2% | 55,6% | 48,7% | 49,6% | 47,8% | 43,0% |
¹ 1990-1998: CU = GPV + RPF
Keppelingen om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht |