Noardwyk (Súd-Hollân)

Noardwyk (Nederlânsk en offisjeel Noordwijk) is in plak en gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De gemeente hat 45.727 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 51,53 km², dêrfan is 16,12 km² wetter.

Noardwyk
Noordwijk
Sicht op Noardwyk oan See
Sicht op Noardwyk oan See
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente-yndieling Noardwyk-Binnen (bestjoerssintrum), Noardwyk oan See, Noardwikerhout, De Zilk
Sifers
Ynwennertal 45.727 (1 jannewaris 2024)[1]
Oerflak 74,94 km² (58,37 km² lân, 16,57 km² wetter)
Befolkingsticht. 783 ynw. /km²
Oar
Ferkearsieren N206 N444 N449
Postkoade 2200-2204
Netnûmer 071
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 14' NB 4° 27' EL
Offisjele webside
http://www.noordwijk.nl/
Kaart
Noardwyk (Súd-Hollân)
Noardwyk
Kaart
Sicht op Noardwyk oan See
Kaart fan 'e gemeente Noardwyk
Dizze side giet oer it Súdhollânske badplak. Foar oare betsjuttings, sjoch: Noardwyk.

De gemeente Noardwyk leit yn it uterste noardwesten fan 'e provinsje Súd-Hollân en grinzget yn it me de klok mei út it noarden wei oan Zandvoort, Bloemendaal,Hillegom, Lisse, Teylingen, Katwyk en yn it westen oan 'e Noardsee.

De gemeente Noardwyk bestiet út fjouwer offisjele kearnen:

Kearn Ynwenners (2023)[2]
Noardwyk-Binnen 17.795
Noardwyk oan See 7.720
Noardwikerhout 15.415
De Zilk 2.355
Bûtengebiet Noardwyk 1895

Noardwyk oan See

bewurkje seksje

Noardwyk oan See, fanâlds in fiskersdoarp, is in badplak mei in lange kuststripe fan likernôch 13 km. Likernôch 3 km kuststripe leit foar de beboude kom fan Noardwyk oan See. It plak hat twa bûlevaars dy't beide nei in keninginne neamd waarden: keninginne Wilhelmina en keninginne Astrid. It plak hat in herfoarme tsjerke út 1647.

Oant begjin 19e iuw wie de fiskerij yn Noardwyk oan See de wichtichste boanre fan ynkommen. Letter begûn de befolking himhieltyd mear op it toerisme te rjochtsjen. Yn 't jier binne der goed 1 miljoen oernachtings. It plak bestiet út ferskate wiken en leit op 'e dunen. Derbinne ferskate hoarekagelegenheden en dêr is in winelsintrum. Om 'e fjoertoer op it fjoertoerplein binne alle jierren ferskate eveneminten.

In lyts part fan 'e befolking fan Noardwyk oan See praat Noardwyksk, in konservatyf Hollânsk dialekt dat in soad op it Katwyksk, Skeveningsk en Zandvoortsk liket, dy't allegear ûnder it saneamde Strânhollânsk beflapt wurde.

Noardwyk-Binnen

bewurkje seksje

Noardwyk-Binnen is de âldste kearn fan Noardwyk en is in beskerme doarpsgesicht. It plak waard yn eardere tiden skaaimerke troch de blombolletylt. It grûngebiet fan Noardwyk-Binnen bestiet foar in grut part út geastgrûn. Tegearre mei oanswettende gemeenten foarmet Noardwyk de Bollekrite.

Yn de gemeente is it ESTEC fêstige, In Jeropeesk sintrum foar romte-ûndersyk en technology, de grutste fêstiging fan de ESA. De ESTEC leit fier út 'e beboude kom fan Noardwyk en grinzget oan 'e Katwykske kearn Katwyk-Noard.

Noardwikerhout

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Noardwikerhout.

Noardwikerhout wie oant 2019 in selsstannige gemeente.

  De Wikipedy hat ek in side De Zilk.

Skiednis en etymology

bewurkje seksje
 
De dunen fan Noardwyk mei bern yn 1906 troch Max Liebermann
 
Sicht oer Noardwyk-Binnen fan de wettertoer ôf
 
Fjoertoer fan Noardwyk nachts

De earste spoaren fan bewenning fan Noardwyk-Binnen komme út ûngefear de 20e iuw foar Kristus. Yn Noardwyk oan See ferskynden de earste echte bewenners omtrint 1200, nei alle gedachten fiskers. Yn 847 waard it plak oandien troch in Skotske benediktyn, mei de namme Jeroen fan Noardwyk. Hy boude in kapel en die misjewurk. Yn 856 waard er finzennomd troch de Wytsingen en martele. Op 17 augustus 856 waard er ûnthalzge. Om 980 waard er eare mei de bou fan in romaanske kapel, dy’t al gau in beafeartsoarde waard. Yn 1303 waard dy kapel ferfongen troch in grutte stiennen tsjerke. Dy wie de foarrinder fan de hjoeddeiske Grutte of Sint-Jeroenstsjerke.

Noardwyk wurdt foar it earst neamd yn in jeftebrief fan de kening fan Loataringen oan Gerulf, greve fan West-Frisia, op 4 augustus 889. Dêryn stie dat er beliend waard mei de ambachtshearlikheid "Nortgo", de âlde namme fan Noardwyk. Northgo betsjut “goa noardlik fan", dat wol sizze, wengebiet of parochy oan de noardkant fan de Ryn. Fergelykbere nammen komme foar yn Fryslân en Grinslân yn Wolvegea en Hunsingoa.

Hoe't de namme "Nortgo" yn "Noardwyk" feroarje kind hat komt troch in rige fan klankferoarings en werynterpretaasjes. Oan de ein fan de 12e iuw waard oanjûn dat de beklamme -go (9e iuw en -ga (10e iuw) in ûnbeklamme -ge of -ke wurden is, en dat in ûnbeklamme lûd foar –ge ynfoege wurde koe, dat resultearre yn "Nortege", "Norteke" en "Nortike". Yn dy foarm koe it lêste lûd dêrnei weifalle, wat ta "Noortich" en "Nortic" late. Werynterpretaasje troch 13e iuwske skriuwers levere namen op as "Nortdijc" en "Nortdike". Dat úteinlik net “Noarddyk” mar “Noardwyk” de definitive namme wurden is, is in oar gefal fan werynterpretaasje. Omdat de namme fan de buorgemeente Katwyk yn it pleatslike dialekt útsprutsen waard as "Kattek" of "Kattik", waard yn oerienstimming dêrmei "Noartek" of "Noartik" de plaknamme "Noardwyk" foarme. De grutte omslach nei -wyk is earne bard tusken 1459 en 1541.[3]

Op 1 april 1398 joech greve Albrecht fan Beieren op fersyk fan inkelde ynwenners oan Noardwyk stedsrjochten, mar op 12 maart 1399 luts er de ferliening wer yn mei as reden dat de oanfregers net rjochtige wiene ta dat fersyk. It gefolch dêrfan wie dat der nea stedsmuorren en poarten boud binne. Noardwyk hâlde wol syn status fan ambachtshearlikheid.[4]

Yn 1429 waard Noardwyk offisjeel troch de biskop fan Utert ta beafeartsoarde ferheft. It wichtichste relikwy wie in skedel dy’t ûntdutsen waard yn de Sint-Jeroenstsjerke en dêr’t fan oannomd waard dat dy fan Sint-Jeroen wie. Yn 1450 waard Noardwyk-Binnen troffen troch in grutte stedsbrân, dêrby waard de tsjerke ferwoaste. Yn de 16e iuw kaam der troch de Reformaasje in ein oan it bestean fan Noardwyk as beafeartsoarde. De skedel fan Sint-Jeroen is sûnttiids ferdwûn. Neffens de oerlevering soe de skedel yn de tsjerke begroeven wêze.

Noardwyk hie yn 1474 in fleat fan 38 skippen. De fleat mei saneamde bomskûten farde út fan it strân ôf. Der waard benammen fiske op hjerring, kabbeljau, skylfisk, witing en skol. Yn 1913 farde foar de lêste kear in bomskûte út. Ek Noardwyk-Binnen profitearre fan de fiskerij mei de lynbanen, dêr't tou makke waard.

Yn de 18e en 19e iuw waarden yn Noardwyk-Binnen krûden kweekt. Noardwyk-Binnen wie doe it wichtichste krûdesintrum fan Nederlân. De krûden waarden ferhannele yn Amsterdam en brûkt foar midisinale tapassings. Troch de opkomst fan gemysk makke medisinen ferdwûn de krûdetylt oan de ein fan de 19e iuw. Ek blykte yn 1880 dat de sângrûn fan Noardwyk gaadlik wie foar de blombollekkweek. Der fêstigen har yn koarte tiid sa'n 250 blombollekwekers yn Noardwyk, dy’t in soad sân ôfgroeven. Der waarden benammen tulpen, titelroazen en gladioalen ferboud.

Yn 1866 waard Noardwyk in baaiplak. Omdat it seewetter medisinale wurking skynde te hawwen kamen der minsken mei in koetske in dei nei it strân. Ek waard yn dizze tiid de earste peal fan Huis ter Duin slein. Lykas safolle oare hotels rjochten dy fan Noardwyk har mear en mear op de merk fan saaklike gearkomsten. Sa brûkte it Nederlânsk fuotbalalvetal Huis ter Duin foar oernachtings by gearkomsten.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Space Expo

Ferkear en ferfier

bewurkje seksje

Noardwyk leit oan de N206, dy't by Katwyk oanslút op de A44. Fan 22 juny 1885 oant 7 oktober 1960 wie der in tramferbining mei Leien. Oant 14 juny 1912 wie dat in steamtram en dêrnei in elektryske tram fan de NZH, dy't fan de jaren 1920-er jierren ôf bekend wie as de Blauwe Tram.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Gemeente Noardwyk  
Kearnen: Noardwyk-Binnen (bestjoerssintrum) • Noardwyk oan SeeNoardwikerhoutDe Zilk
  ·   ·  
Súd-Hollân
 
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
  ·   ·