Katwyksk
It Katwyksk (eigennamme Kattuks of Katteks) is it Súdhollânsk dialekt fan it doarp Katwyk oan See. It is in tige konservatyf dialekt dy't mank mei it Noardwyksk, Skeveningsk en Zandvoortsk, dy't beflapt wurde ûnder it saneamde Strânhollânsk, him hiel dúdlik fan it Standertnederlânsk en de dialekten yn 'e omkriten ûnderskiedt. Dy dialekten binne de Súdhollânske dialekten dy't it minst troch de Standerttaal beynfloede binne.
Katwyksk | ||
algemien | ||
eigen namme | Kattuks/Kattek | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | net bekend | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Súdhollânsk ●Katwyksk |
Skiednis
bewurkje seksjeLykas yn hiele Hollân waard yn Katwyk yn it ferline Frysk sprutsen. Yn 'e rin fan de 11e oant 13e iuw rekke Súd-Hollân ûntfryske. It Nederfrankysk ferkrong it Frysk, mar dêr bleau ynearsten in sterke Fryske substraat efter. Ut dat Nederfrankysk ûntjoech him it Hollânsk. Oan 'e ein fan de midsiuwen kamen ynfloeden út 'e súdlike Nederlânske gewesten, lykas Flaanderen en Brabân, dy't grutte politike en ekonomyske macht hiene. Harren spraak hie grutte ynfloed op it Súdhollânsk. De lange ij en ui, dy't foarhinne net yn 't Hollânsk foarkaam, waard troch it Hollânsk fan it Brabânsk oernommen. Doe't yn 'e Renêssânse en benammen yn 'e Tachtichjierrige Kriich tsientûsenen Flamingen en Brabanners nei Hollân ta flechten, hie dat in grutte ynfloed, benammen yn de stêden. Dêr ûntstie stadichoan it Standertnederlânsk. In stikmannich gebieten, lykas Katwyk oan See, dy't frij isolearre fan it efterlân ôf leine, wie dy ynfloed folle minder. De Fryske substraat bleau yn 'e fiskersplakken folle sterker en bleau folle langer hingjen. De Standerttaal krige stadichoan folle mear ynfloed yn Leien en ek yn Katwyk oan de Ryn, dat mar in pear kilometer ynlânsk lei fan Katwyk oan See. Katwyk sels is yn 'e rin fan 'e iuwen ek tige by tige woeksen. Yn 2006 fusearre Katwyk mei de oanswettende doarpen Rynsburch en Falkenburch ta de nije gemeente Katwyk. Katwyk oan See lei eartiids folle mear isolearre as hjoed-de-dei mar de ynfloed fan it Standertnederlânsk op it Katwyksk wurdt hieltyd grutter en ferdwynt it Katwyksk dialekt njonkelytsen, alhoewol't it Katwyksk noch troch in reedlik part fan 'e âldere generaasje fan Katwyk oan See sprutsen wurdt. Der ferskynde yn 2020 ek in Katwyksk wurdboek.
Yn 'e Katwijksche Post dy't ienris wyks útkomt, komt it tekenteltsje Kappie foar. Kappie is in Katwyksk pratende mok en besprekt aktuele foarfallen yn Katwyk oan See.
Skaaimerken
bewurkje seksjeIt Katwyksk falt op troch de bilabiale w. Dat is in w dy't mei alletwa lippen útsprutsen wurdt, lykas yn it Ingelsk en yn it Aldfrysk.[1] Dy w kaam oarspronklik yn hiele Hollân foar, mar is allinnich noch bewarre bleaun yn it Katwyksk. In oar opfallend lûd yn it Katwyksk is de ae, dy't as in lange è lykas yn it wurdt waeter (wetter), dêr't de w en ae beide yn útsprutsen wurde.
Dêrnjonken hat it dialekt in sjwa (ə) dy't almeast brûkt wurdt yn it lêste wurdlid fan in ynfinityf, lykas bygelyks it Nederlânske lopen (rinne) yn it Katwyksk lòòpə wurdt.
It Katwyksk befettet noch in soad fan it âlde Hollânsk út 'e 17e iuw, mei wurden lykas drijvens (ndl: vliegensvlug - gleonhastich) en slecht (ndl: effen, vlak, in evenwicht - lykwichtich). Ek binne der noch oerbliuwsels út 'e midsiuwen, bygelyks de inkeldtal en meartalsfoarmen skoe en skoen (skoech en skuon) en tae en taen (tean en teannen). Wurden as regge en pet (rêch en pet) en 'e sk ynstee fan it Nederlânske sch tsjûgje fan 'e Fryske substraat.
De ferlytsingfoarmen yn it Katwyksk is nisgjirrich. Yn it inkeldtal einiget it ferlytsingwurd op -je en yn it meartal op -ies, lykas: huisje - huisies (húske en húskes). It inkeldtal komt oerien mei it Nederlânsk, wylst it meartal it yn 'e omkriten sprutsen Hollânsk.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|