Hillegom
Hillegom ([ˌɦɪləˈɣɔm]?) is in doarp en gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân yn it uterste noarden fan dy provinsje. Hillegom is de meast noardlike gemeente yn 'e Dún- en Bollekrite. De gemeente hat 22.817 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 13,47 km², wêrfan 0,6 km² wetter. Der lizze gjin oare kearnen en buorskippen yn 'e gemeente.
Hillegom | ||
Hillegom mei ophelbrêge en benefter de Martenstsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 22.817 (1 jannewaris 2024)[1] | |
Oerflak | 13,47 km² (12,87 km² lân, 0,6 km² wetter) | |
Befolkingsticht. | 1774 ynw. /km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N207 N208 N442 | |
Postkoade | 2181-2182 | |
Netnûmer | 0252 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 17' NB 4° 35' EL | |
Offisjele webside | ||
http://www.hillegom.nl/ | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Kaart fan 'e gemeente Hillegom |
Geografy
bewurkje seksjeDe gemeente leit yn it uterste noarden fan Súd-Hollân en wurdt yn it noarden begrinzge troch de Noardhollânske gemeente Bloemendaal (earder Bennebroek, yn it easten troch de Noardhollânske gemeente Haarlimmermar, yn it suden troch Lisse, en yn it westen troch de gemeente Noardwyk (earder Noardwikerhout) oan it doarpsgebiet fan De Zilk.
Buerten
bewurkje seksje
|
|
|
Skiednis
bewurkje seksjeYn oarkonden fan 'e 13e en 14e iuw komme ûnder oaren de nammen Hilleghem, Hildeghem en Hillinghem foar. Wis is dat de -om yn Hillegom in ferkoarting is fan "hiem/heem" itjinge wenplak betsjut. Nei alle gedachten is it earste part Hilleg- of Hilling- komt fan de persoansnamme "Hille", dat mooglik in ferkoarting fan de namme "Hildebert" of "Hildegard" is en betsjut "hearrende by Hille". De betsjutting fan de plaknamme is dus sokssawat as "hiem fan Hille". Dat komt oerien mei ferskate plakken yn 'e omkriten, lykas it tichteby lizzende Sassenheim (earder Saxnem) dat op deselde strânwâl leit en de betsjutting "hiem fan Saxo" hat. Yn alletwa gefallen gie it dêr nei alle gedachten om persoanlike lânoanmakkerijen
Hillegom ûntstie om 'e Martenstsjerke hinne, it Hôf fan Hillegom en de Houttún, likernôch op it plak dêr't de Hillegommerbeek de eastlike strânwâl krúst, net fier fan de ouwer fan de Haarlimmermar. De bewenners holden harren ynearsten dwaande mei ikkerbou en feehâlderij. De delsetting hie foar 1120 in eigen kapel. Yn 1150 hie de abt fan Egmondit rjocht en neam de preesters. Yn 1248 joech greve Willem II de kapel fan Hijllinghem en syn gebouwen oan de abt fan Egmond.
Yn it midden fan 'e 14e iuw waard Hillegom in foaroansteand plak doe't de greven fan Hollân dêr trije kear byinoar kamen foar gearkomsten. Yn 1369 wiene dêr 46 huzen mei in befolking fan 283 en yn 1477 wiene der 67 huzen mei 412 ynwenners.
By de Nederlânske Opstân lei Hillegom in stikmannich jierren yn de frontliny, by it belis fan Haarlim (1572/1573) en it belis fan Leien (1574) en hie te lijen ûnder it kriichsgeweld. Nei it fuortean fan de Spanjerts setten de bewenners fan Hillegom harren libbenfuort, mei ûnde roaren it ynpolderjen fan leechlizzend lân bylâns de Haarlimmermar.
Yn de 17e en 18e iuw wiene der blikkerijen, in touwerij en in kalkûne. Yn dy snuorje waard it ferbouwen fan grienten, fruit en krûden wichtiger. Alle dagen fearen skûtsjes nei de merken yn Amsterdam en Leien. Bestjoerders en keaplju út Amsterdam en De Haach lieten grutte bûtenpleatsen bouwe yn Hillegom. Om 1800 rekke it plak yn it neigean. Hast alle bûtenpleatsen waarden njonkelytsen sloopt.
Op 6 novimber 1722 kocht Jan Six II 7000 bunder grûn yn Hillegom mei dêrta de hearlike rjochten yn it ambacht. Dy binne sûnt oererve fan generaasje op generaasje oant hjoed-de-dei.
De grutskalige blombolletylt sette útein yn it midden fan 'e 19e iuw. It tanimmen fan de blombolletylt gie mank mei it ôfgraven fan 'e sângrûn. Nei it ôfgraven bleau der goed sângrûn oer, de geastgrûn, dy't tige gaadlik wie foar it ferbouwen fan blombollen. Dy brocht in soad woltierigens. Yn 1904 kaam der de earste kalkstienfabryk. Dat soarge foar mear ôfgravings en nije bollefjilden. Dêrnjonken fêstigen yn 'e rin fan de 20e iuw in tal lytse yndustryen.
De lizzing tusken Haarlim, Leien en Amsterdam, mank mei in goede ynfrastruktuer, makke Hillegom oan 'e ein fan de 20e iuw in populêre forinzegemeente. De befolking woeks fluch fan 9.000 yn 1920 oant goed 20.000 yn 2005.
Ferkear en ferfier
bewurkje seksjeYn it ferline waard in grut part fan it ferfier om Hillegom hinne dien oer it wetter. De Hillegommerbeek waard brûkt om guod te ferfieren oer de haarlimmermar en nei de drûchmakkerij oer de Ringfeart. Ferskate kaaien en werven lizze noch hieltys by de feart del. De Lieskefeart waard foltôge yn 1657 en rint justjes westlik fan Hillegom fan Leien nei Haarlim. Letter rekke de feart yn ûnbrûk.
De provinsjale diken N207, N208 en N442 betsjinje it doarp. Hillegom wurdt betsjinne troch it Stasjon Hillegom oan de Alde line, dy't yn 1881 iepene waard.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De Blommekorso dy't yn 'e twadde helte troch it doarp hinne lûkt
- It Hôf fan Hillegom, hjoed-de-dei it riedshûs
- Blommefjilden
Tsjerken
bewurkje seksje- Martenstsjerke, toer út 'e 13e iuw, tsjerke waard yn 1929 ferfongen
- Martinustsjerke, roomsk-katolike tsjerke boud yn 1924-1926
- Sint-Joazeftsjerke, in neoromaanske trijeskippige krústsjerke
- Kristlik-grifformearde Riedhûstsjerke
Galery
bewurkje seksje-
Martenstsjerke
-
Martinustsjerke
-
Joazeftsjerke
-
It Hôf fan Hillegom, hjoed-de-dei it riedshûs
-
Earder postkantoarfan de kalkstienfabryk
-
Silo's fan de kalkstienfabryk
-
Beferzen Hillegommerbeek
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hillegom fan Wikimedia Commons. |
Súd-Hollân | |
---|---|
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht | |
· · |