De Zilk is in doarp yn de gemeente Noardwyk yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Foar 2019 wie it doarp part fan de gemeente Noardwikerhout dy't doe mei Noardwyk fusearre. It doarpsgebiet grinzget oan it doarp Vogelenzang yn Noard-Hollân en Hillegom. De Zilk hat 2.355 ynwenners (2023).

De Zilk
Hillich Herttsjerke
Hillich Herttsjerke
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Noardwyk
Sifers
Ynwennertal 2.355 (2023)[1]
Oerflak 5,17 km² (5,11 km² lân, 0,06 km² wetter)
Befolkingsticht. 456 ynw. /km²
Oar
Ferkearsieren N206
Postkoade 2161, 2182
Netnûmer 0252
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 18' NB 4° 33' EL
Kaart
De Zilk (Súd-Hollân)
De Zilk
 
Bollefjild by De Zilk

It doarp waard foar it earst neamd yn 1399 as De Zillic dêr't trije komponinten yn te ûnderskieden binne: it lidwurd De, it foarheaksel Zil en it efterheaksel lic.

Yn de iistiid ûntlutsen de gletsjers in soad wetter oan de oseanen, dêr't de Noardsee alhiel by drûchfallen wie. Troch ynfloed fan hegere temperatueren teiden de gletsjers en folle de Noardsee fannijs op mei wetter. Troch it wikselwurkjen fan wyn, wetter en sân ûntstie de earste strânwâl op de line Sassenheim, Lisse en Hillegom. WWestlik dêrfan, op de line De Zilk en Noardwikerhout, ûntstie in lytse strânwâl. Westlik dêr wer fan foarmen tige brede strânwâlen, dy't har lang om let ta in oanienwei sletten út dunen besteande kuststripe ûntjoegen.

Om likernôch 2000 f.Kr. hinne hie de see by de riviermûning by Katwyk frij tagong ta it leger lizzend gebiet tusken de dunen. By floed rûn dat gânse gebiet ûnder wetter. Dêr wie in grutte kwelder dy't foarby De Zilk rûn. It leger lizzend gebiet westlik fan de saneamde "Kleine Zilk" hat iuwenlang in lytse kwelder, oant it stuit dat de iepening by Katwyk foar it grutste part ticht rekke en it seewetter net langer tagong ta de kwelders hie. Dêrnei hat it oerbliuwende seewetter him sammele op de leechste plakken. Ek yn De Zilk wie der in natuerlike wetter. It efterbleaune seewetter krige njonkelytsen in leger sâltgehalte en waard brak sêltich wetter. It is mooglik dat it foarheaksel Zil ôflaat is fan it sâlt (zilt) wetter. It efterheaksel lic sil mooglik besibbe wêze oan it wetter, ek wol leeck of leek neamd. In leek is in natuerlike wetterrin, ferlykje Like, Luts. De Zilk betsjut dus "sâlte wetter(rin).[2]

Hjoed-de-dei

bewurkje seksje

De Zilk leit yn 'e Dún- en Bollekrite en de blombolletylt spilet al lang in wichtige ekonomyske rôl op it mêd fan de ekonomy. Benammen hyasinten, narsissen en tulpen wurde ferboud. De grutte bollekwekers hawwe fan oarsprong har bedriuw yn Kleine Zilk en de wurklju yn de Grote Zilk.

Oan 'e râne fan it doarp stiet de Hillich Herttsjerke, in roomsk-katolike neogoatyske trijeskippige krústsjerke, dy't yn 1919-1920 boud waard. Yn 1922 waard de tsjerke fergrutte en yn 1928 waard de toer boud. Yn 1920 waard de tsjerke yn gebrûk nommen en wijd oan it Hillich Hert fan Jezus.

Oarspronkik hearen de katolike ynwenners ta de parochy fan Vogelenzang. Hjoed-de-dei wurdt de tsjerke brûkt troch de Willibrordusparochy, in fúzjeparochy dêr't de parochys fan Hillegom, Lisse en De Zilk sûnt 1 jannewaris 2010 yn opgien binne. It tsjerkegebou is in gemeentlik monumint.[3]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CBS:Statline
  2. Kampen van, A.M. De herkomst van de naam De Zilk, yn: Terra Salica jiergong 2 nr.2
  3. Monumintegids Noardwikerhout 2009
  • P. de Boer en M. Witteman (red.), Ons dorp De Zilk (De Zilk 1999)
  • Annalen fan de Feestkommisje De Zilk
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Zilk fan Wikimedia Commons.
  Gemeente Noardwyk  
Kearnen: Noardwyk-Binnen (bestjoerssintrum) • Noardwyk oan SeeNoardwikerhoutDe Zilk
  ·   ·