Sliepstêd
In sliepstêd of forinzestêd is in stêd dêr 't it grutste part fan de yn dy stêd wenjende beropsbefolking, net yn dy stêd wurket en dêr't it tal arbeidsplakken leger leit as it tal arbeidsgeskikten.
Faak is der net folle fraach nei wurk yn sa'n stêd wat it tal ynwenners oangiet. De ynwenners wurkje trochstrings yn in gruttere stêd dy't yn de omkriten fan dizze stêd leit. Sokke stêden lykje dêrom oerdeis wol útstoarn. Foarbylden fan hjoeddeiske sliepstêden yn Nederlân binne ûnder oare Purmerend en Almere.
Yn mear as ien sliepstêden is yn de rin fan harren skiednis de wurkgelegenheid sa tanaam dat se net mear foldogge oan de definysje fan in sliepstêd, ek al wurde se noch wol faak sa neamd. In foarbyld fan in eardere sliepstêd is Zoetermeer.