Biskoppen fan Utert

Wikimedia-list
(Trochferwiisd fan Biskop fan Utert)

Oer de earste biskoppen fan it Prinsbisdom Utert bestiet net folle wissichheid. Willibrord hie syn sit yn Utert as aartsbiskop fan de Friezen, mar in organisearre bisdom Utert skynt pas sûnt Alfrik I (± 776) bestien te hawwen. Yn 795 waard it bisdom Utert suffragaanbisdom fan it aartsbisdom Keulen, en dêrmei wie de tsjerklike yndieling fan de Noardlike Nederlannen foar iuwen fêstlein.

It bisdom Utert

bewurkje seksje

Sûnt de 8e iuw krigen de biskoppen fan Utert hieltyd mear wrâldske macht trochdat hja gebieten yn lien krigen fan de Dútske keizer. Yn 1024 krige Adelbold II de greeflike rjochten oer Drinte, wêrtroch't de biskoppen foarsten waarden binnen it Hillige Roomske Ryk. Harren wrâldske gebiet, de Stift Utert, foel úteinlik rûchwei gear mei de hjoeddeiske provinsjes Utert, Oerstift (Oerisel) en Drinte.

Fan 1423 oant 1448 die him it Utertske Skisma foar, wêrtroch't der feitlik twa biskoppen tagelyk wienen. Yn 1528 waard it bisdom sekularisearre, doe't biskop Hindrik II fan Beieren de wrâldske macht ôfstean moast oan Karel V. Dit betsjutte de ein fan de Stift.

Herfoarmings

bewurkje seksje

By de tsjerklike herfoarming fan 1559 waard Utert ta aartsbisdom ferheft. Dit Aartsbisdom Utert hie doe as suffragaanbisdommen de bisdommen Dimter, Haarlim, Ljouwert, Grins en Middelburch. Nei de dea fan aartsbiskop Frederik Schenck van Toutenburch yn 1580 en it ferbod op útoefening fan it katolike leauwen, stelden de Spanjerts al noch twa kear in nije aartsbiskop oan, mar dy libben yn ballingskip. Nei 1602 waard it gebiet fan it aartsbisdom Utert bestjoerd troch in apostolysk fikaris as haad fan de Hollânske Sinding; dizze waard meastal ek ta aartbiskop in partibus infidelium beneamd.

Twa aartbiskoppen

bewurkje seksje

Sûnt it Ald-katolike skisma fan 1723 hat Utert in Ald-katolike aartsbiskop. Der waard sûnt dat jier gjin apostolysk fikaris mear beneamd; as ficesuperior fan de Hollânske sinding waard de nuntius yn Brussel oansteld, sûnt 1829 de internuntius yn De Haach. Yn 1853 kaam it werstel fan de biskoplike hiërargy yn Nederlân. Sûnt dy tiid is Utert sit fan de roomsk-katolike aartsbiskop (metropolyt) fan de Nederlânske tsjerkeprovinsje. Utert is dêrmei it sit fan twa aartsbiskoppen, fan twa katolike tsjerken.

Oer de earste Utertske tsjerkjes dy't as katedraal tsjinst dienen bestiet net folle wissichheid. Fan de 10e iuw oant de Herfoarming hienen de Utertske biskoppen sit yn de Dom, dy't wijd wie oan Sint-Maarten. De hjoeddeiske roomsk-katolike aartsbiskop hat syn sit yn de Sint-Katarinakatedraal, de Ald-katolike aartsbiskop yn de Sint-Gertrudiskatedraal.

Machthawwers

bewurkje seksje
Namme Perioade Opmerkings
Willibrord 695 - 739 Hillige. Aartsbiskop fan de Friezen mei in sit yn Utert.
Bonifatius 739 - 754 Heilige. Aartsbisschop fan de East-Franken. Lieder fan de Utertske tsjerke. Dea dien.
Wera 739? - 752 Unwis. Nei alle gedachten naam er as wijbiskop de lieding fan de Utertske tsjerke waar
Eoban 753 - 754 Unwis. Nei alle gedachten naam er as wijbiskop de lieding fan de Utertske tsjerke waar.
Gregoarius 754 - 776 Hillige. Lieder fan de Utertske tsjerke, mar gjin biskop.
Alfrik I sa. 776 - 784 Hillige. Ek wol Alberik neamd.
Diederd ± 784 - ±790
Hamakar ± 790 - 806
Rikfried 806 - 815/816
Freark I 815/816 - 835/837 Hillige. Fermoarde.
Alfrik II 838 - 844 Ek wol Alberik neamd.
Einhard ± 845
Liudger sa. 848 - ± 854
Hunger ± 854 - 866 Hillige. Untflechte Utert
Alfried ± 866 - 867/879 Regearre yn ballingskip.
Adelbold I 867/879 - 898 Ek wol Odilbald neamd. Regearre yn ballingskip.
Egilbert 899 Ek wol neamd Engelbert of Egibold. Regearre yn ballingskip.
Redbad 899 - 917 Hillige. Regearre yn ballingskip.
Balderik 918 - 975 Kaam werom nei Utert.
Folkmar 976 - 990 Ek neamd Poppo.
Boudewyn I 990 - 995
Ansfried 995 - 1010 Hillige.
Adelbold II 1010 - 1026 Krige as earste biskop greeflike rjochten.
Bernold 1027 - 1054 Hillige.
Willem I 1054 - 1076
Koenraad 1076 - 1099 Fermoarde.
Burchard 1100 - 1112
Godebald 1114 - 1127
Andries fan Kuik 1128 - 1139
Hartbert fan Bierum 1139 - 1150
Herman fan Horne 1150 - 1156
Godfried fan Renen 1156 - 1178
Boudewijn II fan Hollân 1178 - 1196
Arnold I 1196 - 1197
Durk I fan Hollân (biskop) 1196 - 1197 Oant 1197 tsjinbiskop.
Dirk II fan Are 1197 - 1212
Otto I fan Gelre 1212 - 1215
Otto II fan Lippe 1216 - 1227
Wilbrand fan Aldenboarch 1227 - 1233 Oerpleatst fanút Paderborn.
Otto III fan Hollân 1233 - 1249
Gozewyn fan Randeraad 1249 - 1250 Kandidaat-biskop
Hindrik I fan Fianden 1249 - 1267
Jan I fan Nassau 1268 - 1290 Elekt. Ofsetten troch Nikolaas IV.
Jan II fan Sierk 1291 - 1296 Oerpleatst nei Toul.
Willem Berthout 1296 - 1301
Adolf fan Waldek 1301 Kandidaat-biskop. Waard biskop fan Luik.
Guy fan Avesnes 1301 - 1317
Freark II fan Sierk 1317 - 1322
Jakob fan Oudshoorn 1322
Jan fan Bronkhorst 1322 Kandidaat-biskop.
Jan III fan Diest 1322 - 1340
Jan fan Bronkhorst 1341 Kandidaat-biskop.
Nicolaas Capoccy 1341 Luts him werom. Waard biskop fan Urgel en fan Frascaty.
Jan IV fan Arkel 1342 - 1364 Oerpleatst nei Luik.
Jan V fan Virneburg 1364 - 1371 Oerpleatst fan Münster wei.
Sweder fan Uterlo 1371 Kandidaat-biskop.
Arnold II fan Horne 1371 - 1378 Oerpleatst nei Luik.
Reinoud fan Vianen 1378 - 1380 Tsjinbiskop.
Floris fan Wevelinkhoven 1378 - 1393 Oerpleatst fan Münster wei.
Freark III fan Blankenheim 1393 - 1423 Oerpleatst fan Straatsburch wei.
Rabanus fan Helmstatt 1424 - 1425 Luts him werom. Biskop fan Spiers en letter aartsbiskop fan Trier.
Sweder fan Kulemboarch 1423 - 1432 Oant 1425 tsjinbiskop
Rudolf fan Diepholt 1423 - 1455 Oant 1432 tsjinbiskop
Walraven fan Meurs 1434 - 1448 Tsjinbiskop. Waard biskop fan Münster.
Gijsbrecht fan Brederode 1455 - 1456 Elekt. Ofset.
David fan Boergonje 1456 - 1496 Oerpleatst fan Terwaan wei.
Engelbert fan Kleef 1482 - 1483 Ruwaard.
Frederik IV fan Baden 1496 - 1517 Ofset.
Filips fvan Boergonje 1517 - 1524
Hindrik II fan Beieren 1524 - 1529 Elekt. Droech de wrâldske macht yn de Stift oer oan Karel V en joech syn sit op. Ek biskop fan Worms en Freising.
Willem III fan Enckenvoirt 1529 - 1534 Kardinaal sûnt 1523. Ek biskop fan Tortosa.
George fan Egmond 1534 - 1559

Aartsbiskoppen

bewurkje seksje
Namme Perioade Opmerkings
Freark V Schenck fan Toutenburch 1559 - 1580
Herman fan Rennenberg 1580 - 1585 Beneamd, mar net yn funksje komd.
Jan fan Bruhesen 1592 - 1600. Beneamd, mar net yn funksje komd.

Apostolysk fikarissen

bewurkje seksje
Namme Perioade Opmerkings
Sasbout Vosmeer 1602 - 1614 Titulêr aartsbiskop fan Filippi.
Philippus Rovenius 1614 - 1651 Titulêr aartsbiskop fan Filippy.
Jacobus de la Torre 1651 - 1661 Titulêr aartsbiskop fan Efese.
Boudewijn Catz 1662 - 1663 Titulair aartsbiskop fan Filippy.
Johannes fan Neercassel 1663 - 1686 Titulêr biskop fan Kastoarje.
Petrus Codde 1688 - 1702 Titulêr aartsbiskop fan Sebaste. Skorst troch paus Clemens XI.
Theodorus de Kock 1702 - 1704 Gie ôf op fersyk fan Rome.
Gerhard Potcamp 1705
Adam Daemen 1707 - 1717 Titulêr aartsbiskop fan Adrianopel. Gie ôf.
Johannes fan Bijlevelt 1717 - 1727

Ald-katolike aartsbiskoppen

bewurkje seksje
Namme Perioade Opmerkings
Cornelius Steenoven 1723 - 1725
Cornelius Johannes Barchman Wuytiers 1725 - 1733
Theodorus fan der Croon 1733 - 1739
Petrus Johannes Meindaerts 1739 - 1767
Walter fan Nieuwenhuisen 1768 - 1797
Johannes Jacobus fan Rhijn 1797 - 1808
Willibrord fan Os 1814 - 1825
Johannes fan Santen 1825 - 1858
Henricus Loos 1858 - 1873
Johannes Heykamp 1874 - 1892
Gerardus Gul 1892 - 1920
Franciscus Kenninck 1920 - 1937
Andreas Rinkel 1937 - 1970
Marinus Kok 1970 - 1981
Antonius Jan Glazemaker 1982 - 1999
Joris Vercammen Sûnt 2000

Ficesuperiores fan de Hollânske Sinding yn Brussel

bewurkje seksje
Namme Perioade Opmerkings
Joseph Spinelly 1727 - 1731
Vincentius Montalto 1731 - 1732
Silvester Valenty Gonzaga 1732 - 1736
Fransiskus Goddard 1736 - 1737
Lucas Melchior Tempy 1737 - 1743
Petrus Paulus Testa 1744
Ignatius Crivelly 1744 - 1755
Carolus Molinari 1755 - 1763
Bartholomeus Soffredmi 1763
Thomas Maria Ghilini 1763 - 1775
Joannes Antonius Maggiora 1775 - 1776
Ignatius Busca 1776 - 1785
Michael Causati 1785 - 1786
Antonius Felix Zondadari 1786 - 1790
Caesar di Brancadoro 1792 - 1794
Ludovicus Ciamberlani 1794 - 1828 Bestjoerde fan Münster en Amsterdam út.

Ficesuperiores fan de Hollânske Sinding yn De Haach

bewurkje seksje
Nammem Perioade Opmerkings
Franciscus Capacciny 1829 - 1831
Antonius Antonuccy 1831 - 1841
Innocentius Ferriery 1841 - 1847
Joannes Zwijsen 1847 - 1848
Carolus Belgrado 1848 - 1853

Roomsk-katolike aartsbiskoppen

bewurkje seksje
Namme Perioade Opmerkings
Joannes Zwijsen 1853 - 1868 Teffens biskop fan De Bosk.
Andreas Ignatius Schaepman 1868 - 1882
Petrus Matthias Snickers 1883 - 1895 Foarhinne biskop fan Haarlim.
Henricus fan de Wetering 1895 - 1929
Joannes Henricus Gerardus Jansen 1930 - 1936
Johannes de Jong 1936 - 1955 Kardinaal sûnt 1946.
Bernardus Johannes Alfrink 1955 - 1975 Kardinaal sûnt 1960.
Johannes Willebrands 1975 - 1983 Kardinaal sûnt 1969.
Adrianus Johannes Simonis 1983 - 2007 Foarhinne biskop fan Rotterdam. Kardinaal sûnt 1985.
Willem Jacobus Eijk Sûnt 2008 Foarhinne biskop fan Grins-Ljouwert. Kardinaal sûnt 2012.
  • De Katholieke Encyclopaedie (Amsterdam, 1938)
  • J.E.A.L. Struick Utrecht door de eeuwen heen (Utert / Antwerpen, 1971)
  • M.Chr.M. Molenaar / G.A.M. Abbink Dertienhonderd jaar bisdom Utrecht (Baarn, 1995)
  • C. Dekker (red.) Geschiedenis van de provincie Utrecht (Utert, 1997)
  • R.E. de Bruin e.a. (red.) Een paradijs vol weelde. Geschiedenis van de stad Utrecht (Utert, 2000)