Freark fan Utert

(Trochferwiisd fan Freark I)

Freark I fan Utert wie biskop fan Sticht Utert tusken 815/816 en 834/838, hillige en martelder fan de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Eastersk-Otterdokse Tsjerke .

Freark fan Utert, gravuere fan Frederik Bloemaert (1630)

Freark waard om 780 berne út in aadlike famylje yn Frisia, earne yn it Hollânsk-Fryske kustgebiet. Hy soe neffens learde fantasyen út de 16e iuw in soan fan postestaet Adelbrik Adelen en in pakesizzer fan de Fryske kening Redbad west hawwe. Neffens de tsjerke is er stoarn op 18 july 838, oare boarnen jouwe tusken 834 en 838. It liket derop dat er fermoarde is.

Al yn syn jonkheid krige er ûnderrjocht fan de geastliken yn Utert, ûnder oaren fan biskop Rikfryd. Nei it dienmeitsjen fan syn stúdzjes waard er troch de biskop ta preester wijd en waard er belêste mei de kerstening fan de heidenen, fral yn de noardlike kontreien fan it bisdom, mar ek bûten it bisdom. Sa preke er bygelyks op Walcheren en mei Sint Odulfus yn Starum en omkriten.

Nei de dea fan Rikfryd in 815/816 waard Freark ta biskop fan Utert keazen. Hy waard ferneamd om syn frommens en leardens. Hy briefke mei Hrabanus Maurus en op it konsily fan Mainz yn 829 waard er priizge om syn kennis en ynzicht. De hagiografy Vita S. Bonifacii toegeschreven wurdt ek oan Freark taskreaun.

It is net krekt dudlik hoe't Freark oan syn ein kaam is. It stiet fêst dat er deadien waard, mar wêrom en troch wa is net seker witten. De leginde wol hawwe dat er nei it opdragen fan de mis op 18 july 838 troch ttwa manlju delsttutsen waard. Neffens 11e- en 12e-iuwske skriuwers as biskop Odbert fan Luik (Passio Friderici) en William fan Malmesbury, wiene de moardners ynhierd troch keizerin Judith, meidat Freark geregeldwei krityk hie op har F lossinnige libbenstrant. Lettere auteurs lykas Cesare Baronio en Jean Mabillon wiene fan betinken dat it bewenners fan Walcheren wiene (of troch harren stjoerd), dêr't se neat witte woene fan de kerstening, en fijannich foar it kristendom oer stiene.

It lêste liket wierskynliker as it earste. Der binne gjin boarnen út dy tiid dêr't út bliken docht dat de keizerin der mar op loslibbe, en ek net dat Frederik har dêr fan beskuldige hat.

Koart nei syn dea waard Freark hillich ferklearre. Syn hjeldei is 18 july en hy is beskermhillige tsjin dôvens. Hy waard beïerdige yn de Sint-Salvatortsjerke yn Utert.