Walcheren (Nederlânsk: Walcheren; Siuwsk: Walchren) is in lânstreek en earder eilân yn it sintrale part fan 'e Nederlânske provinsje Seelân. It gebiet leit ynklamme tusken de Noardsee, de Fearske Mar en de Westerskelde. Tsjinstwurdich foarmet it ien lânmassa mei in oar earder eilân, Súd-Bevelân. Op Walcheren lizze de Siuwske haadstêd Middelburch en de grutte yndustryhaven Flissingen.

De lizzing fan Walcheren yn Seelân.

Skiednis bewurkje seksje

Yn 'e Romeinske Tiid wie Walcheren al bewenne. Domburch wie doedestiden it grutste plak en droech nei alle gedachten de namme fan Walichrum, dat letter ferbastere wêze soe ta Walcheren. Oan 'e ein fan 'e trêde iuw rekke it gebiet ûntfolke fanwegen oanhâldende oerstreamings, wêrnei't it oan 'e achtste iuw ta sa goed as ûnbewenne bleau. Mar ek doe't har der wer minsken nei wenjen set hiene, foarmen oerstreamings allegeduerigen in gefaar; sa waard it eilân oan it begjin fan 'e alfde iuw swier troffen troch de Stoarmfloed fan 1014. Fan gefolgen waarden fan likernôch de midden fan dy iuw ôf troch mûntsen diken oanlein om 'e Walcherske kearngebieten, wêrnei't der in stadich proses fan ynpoldering fan kwelders op gong kaam.

 
In lânkaart fan Walcheren.

Troch de lânbou en oerseeske hannel ûntjoech Walcheren him ta in woltierich eilân, al bleau de see altyd gefaarlik, sa't wer ris bliken die by de Alderheljenfloed fan 1570. Yn 'e achttjinde en njoggentjinde iuw brieken der mindere tiden oan. De ekonomy stagnearre en de wolfeart rûn tebek. Under de Napoleontyske Oarloggen feroare Walcheren boppedat yn 'e twadde helte fan 1809 yn in slachfjild doe't de Britten en Russen der by de saneamde Ekspedysje nei Walcheren in lâning útfierden mei as úteinlike doel om 'e wichtige haven fan Antwerpen op 'e Frânsen te feroverjen. It offinsyf, dat ein july begûn, rûn lykwols al op it eilân fêst, mei jammerdearlike gefolgen foar de boargerbefolking. Uteinlik evakuëarren de Britten en Russen har desyllúzjonearre troepen op 10 desimber, dêrby in ferwuostge Walcheren efterlittend.

Yn 1871 ferlear Walcheren formeel syn status fan eilân, doe't de Sloedaam nei Súd-Bevelân oanlein waard. It jiers dêrop waard dêroerhinne in spoarferbining makke nei Flissingen ta. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wiene de Dútsers bang dat de Britten har keunstke út 1809 werhelje soene, en dêrom feroaren se Walcheren yn ien grut legerkamp, dat se de Festung Walcheren neamden. Der waarden û.m. sa'n 200 bunkers boud en 16 swiere kustbatterijen stasjonearre. Doe't de Alliëarden nei harren Lâning yn Normandje en de flugge opmars dy't dêrop folge de haven fan Antwerpen nedich wiene foar befoarrieding, stie de Festung Walcheren harren yn 'e wei. De Kanadezen, dy't Súd-Bevelân befrijd hiene, besochten fia de Sloedaam troch te stjitten nei Walcheren, mar waarden mei swiere ferliezen weromslein.

Om 'e Dútsers út har bunkers te mûzedrinzgjen, besleaten de Alliëarden doe ta de Ynundaasje fan Walcheren; dêrta waarden op fjouwer plakken by Flissingen, Feare en Westkapelle de diken bombardearre. Foarôf wiene struibiljetten oer it eilân útsmiten dy't de boargerbefolking warskôgje moasten foar wat op kommendeweis wie, mar de tekst dêrfan wie steld yn akademyske taal en waard net begrepen. Sadwaande ferdronken der op 2 oktober 1944 180 ynwenners fan Westkapelle as gefolch fan it Alliëarde bombardemint op 'e seedyk by it doarp. Op 1 novimber lânen by Flissingen en Westkapelle Britske en Noarske troepen, dy't nei fûleindige striid op 8 novimber it hiele eilân befrijden.

 
De útbuorren Alde Doarp, op Walcheren.

By de Wettersneedramp fan 1953 bleau Walcheren fierhinne sparre. Likegoed waarden de wetterkearings fan it eilân al opnommen yn it Deltaplan. De derút fuortfloeiende Deltawurken, dy't sokke wettersneden yn 'e takomst foarkomme moatte soene, waarden fan 1958 yn 'e praktyk brocht. As njonkeneffekt waarden dêrtroch de ferbinings fan it eilân mei de bûtenwrâld oansjenlik ferbettere.

Geografy bewurkje seksje

Walcheren wurdt yn it noardwesten, westen en súdwesten begrinzge troch de Noardsee. Yn it suden skiedt de Westerskelde it fan Siuwsk-Flaanderen en yn noarden wurdt it troch de Fearske Mar skaat fan Noard-Bevelân. Yn it easten is it Sloe, it wetter dat eartiids de skieding mei Súd-Bevelân foarme, frijwol hielendal tichtgroeid. Behalven mei Súd-Bevelân hat Walcheren ek in lânferbining mei Noard-Bevelân, oer Fearske-Gatdaam. Midden troch Walcheren rint fan 'e Fearske Mar fia Feare, Middelburch en Flissingen it Kanaal troch Walcheren.

Ofsjoen fan 'e gruttere stêden Middelburch en Flissingen bestiet Walcheren noch út frij tinbefolke, agrarysk gebiet. It eardere eilân omfiemet tsjintwurdich noch mar 3 gemeenten:

Demografy bewurkje seksje

Walcheren hie yn 2012 in befolking fan krapoan 114.000 minsken, wat mei in oerflak fan 215,7 km² delkomt op in befolkingstichtens fan 528,5 minsken de km². Op Walcheren wurdt fan âlds it Walchersk sprutsen, in Siuwsk dialekt. Mei it Noardbevelânsk en it Súdbevelânsk wurdt dat ta de Middensiuwske dialektgroep rekkene.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.