Adelbrik Adelen
Adelbrik Adelen (Seisbierrum) wie in figuer út in sêge út de skiednis fan Fryslân. Oft er wier bestien hat is gjin bewiis foar; der binne gjin boarnen út syn tiid en der binne gjin argeologyske bewizen.
Adelen soe om 830 as de tredde potestaat fan Fryslân keazen wêze, ûnder it Loataringsk opperbestjoer, en de Noarmannen ferslein hawwe. By Kollum behelle er in oerwinning op in Sweedske hartoch. In lette boarne seit dat er in broer of in neef west hawwe soe fan de Utertske biskop Freark, dy't ek fan Seisbierrum wie.
It famyljewapen fan Adelen is in heale Fryske earn links, en rjochts op in blau fjild in kaai omheech mei linksboppe en rjochtsûnder in 5-puntige stjer.
Adelen syn foargonger wie Taco Ludigman en syn opfolger Hessel Hermana.