Dom fan Utert
De Dom fan Utert is in katedraal yn de stêd Utert. Dit tsjerkegebou is fral ferneamd om de byhearren tsjerketoer, dy't mei 112,32 meter de heechste tsjerketoer fan Nederlân is. De toer, boud tusken 1321 en 1382, is in symboal fan de stêd, dy't ek wol de Domstêd neamd wurdt. De Dom fan Utert, dy't boud waard tusken 1254 en 1517, wie de iennichste (roomsk-katolike) katedraal fan Nederlân foar de Reformaasje, wijd oant Sint-Marten. Fan 1580 ôf is it in protestantske tsjerke. Yn 1674 stoarte by in stoarm in diel fan 'e tsjerke yn, sadat de toer los fan it tsjerkegebou kaam te stean en it Domplein ûntstie.

![]() |
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |