Anne Trijeresom is in foarstelling yn 'e kristlike ikonografy fan 'e hillige Anne mei har dochter Marije en har beppesizzer Jezus.

15e-iuwsk byld fan Anne Trijeresom yn 'e Bonifatiustsjerke fan Ljouwert.

Sint-Anne wie yn 'e 15e iuw ien fan 'e bekendste en populêrste hilligen. As beppe fan Jezus waard har as himelske foarsprekker by har beppesizzer grutte macht taskreaun. Fral yn it Rynlân en yn 'e Nederlannen waard Sint-Anne bot fereare, mar ek yn Itaalje en Spanje. Yn in protte stêden waarden Anne-bruorskippen stifte, dy't krewearren foar de stifting fan in Anne-kapel yn 'e tsjerke, dêr't hja harren hillige ferearje koene.

Anne Trijeresom fan Leonardo da Vinci.

Anne waard faak tegearre mei har dochter Marije en beppesizzer Jezus ôfbylde. Dy foarstelling wurdt Anne Trijeresom neamd. Yn 'e 15e iuw waard Anne yn sokke foarstellings steande of sittend as folwoeksen frou ôf- en útbylde, mei Marije as famke op har earm en it popke Jezus op 'e skoat fan Marije. Dy foarstelling joech oant yn it begjin fan 'e 16e iuw it belang fan Anne yn 'e foarstelling oan: Anne wie as beppe fan Jezus de grutste en de machtigste. Anne draacht faak in sluier, wylst Marije en de poppe Jezus beide in kroan drage.

Yn 'e 16e iuw waard Marije yn 'e foarstelling jimmeroan mear as in folwoeksen frou ôfbylde. Hja sit of stiet dan rjochts fan Anne. Anne hat faak in iepen boek op har skoat of yn har hân, de Bibel. Yn 'e oare hân hâldt hja fakentiden in frucht, faak in strûs druven. Jezus sit dan op de skoat fan Marije of stiet tusken beide froulju yn.

Anne Trijeresom wurdt ek wol de ierdske trije-ienheid (Trinitas Terrestris) neamd. Dat yn tsjinstelling ta de godlike Trije-ienheid (Trinitas Caelestis). Nei it Konsylje fan Trente (1545-1563) wurdt dy titel lykwols jimmeroan mear brûkt foar de Hillige Famylje (Jezus, Marije en Joazef).

Nei de reformaasje rekke de Anne-ferearing jimmeroan mear út 'e moade. Nei 1600 komt noch in oare foarstelling op: Anne Twaresom. It giet dan noch allinne om in foarstelling fan Anne mei Marije. Faak hat Anne of Marije in iepen boek yn 'e hân, dêr't Anne nei wiist en Marije út lêst.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Anne Trijeresom fan Wikimedia Commons.